No freed: Fryske Freed
Resint ferskynd
Freed 11 novimber lansearret Praat mar Frysk de Fryske Freed. De earste Fryske Freed, om presys te wêzen, want fan dy freed ôf is elke twadde freed fan de moanne Fryske Freed.
It doel fan dat inisjatyf is om it Frysk rûnom yn de provinsje en dêrbûten sichtberder en hearberder te meitsjen en minsken oan te moedigjen om it Frysk faker te brûken. Dêrom roppe de inisjatyfnimmers elkenien op om op Fryske Freed wat ekstra’s yn it Frysk te dwaan en dat ek sjen te litten en mei oaren te dielen.
In idee kin wêze om op sosjale media Fryske berjochten te setten en in gearkomste, in aktiviteit te organisearjen dy’t hielendal yn it Frysk ferrint of in groep kollega’s dy’t op Fryske Freed allinnich mar Frysk mei-inoar prate of inoar Fryske wurden leare. Foar de earste Fryske Freed leit it yn ’e reden om de bern in Frysk Sint-Martenferske te leren dat se dan op 11 novimber sjonge kinne. Alles kin! Wa’t wat ûndernimt wurdt frege en diel dat fia #FryskeFreed mei Praat Mar Frysk.
Praat mar Frysk set alle moannen op Fryske Freed in bedriuw dat, of in organisaasje dy’t wat spesjaals mei it Frysk docht yn de skynljochten. Praat Mar Frysk dielt op #FryskeFreed ek de aktiviteiten, ideeën en berjochten fan elkenien dy’t wat spesjaal Frysks docht. Wa’t ideeën hat en dy mei oaren diele wol kin dat dwaan troch in berjocht fia praatmarfrysk@gmail.com te fersprieden of dat fia de sosjalemediakanalen fan Praat Mar Frysk witte te litten.
Facebook: www.facebook.com/PraatmarFrysk
Twitter: www.twitter.com/praatmarfrysk
YouTube: www.youtube.com/user/praatmarfrysk
Instagram: www.instagram.com/praat_mar_frysk
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje