Nije tiden, nije kneppels rint noch oant 31 desimber

novimber 16, 2022 09:47

Ynstjoerd

Op freed 16 novimber 1951 wie der in trelit op it Zaailân yn Ljouwert. Groepen gewoane Friezen waarden troch de plysje útinoar reage mei kneppels. Dat wie in “volstrekt onnodig, bruut en gewelddadig optreden van de politie”. Dy gewoane Friezen kamen op foar har eigen memmetaal.

Hjoed-de-dei is it Frysk de twadde rykstaal. Dy mei yn Fryslân oeral brûkt wurde. Dochs binne de twa rykstalen net lykweardich. Der moat noch hieltyd hurd oan wurke wurde om it Frysk op in gelikens plak as it Hollânsk te krijen.

It Fryslân Fûns (www.fryslanfuns.frl) stipet dêrom projekten dy’t de lykweardigens fan de Fryske taal befoarderje en de Fryske kultuer in stapke foarút bringe. Benammen troch earder dit jier oankundige besunigingen op de Fryske taal en kultuer ferwachtet it Fryslân Fûns mear oanfragen om stipe. Om mear projekten stypje te kinnen is it Fryslân Fûns yn 2021, sântich jier nei Kneppelfreed, start mei in crowdfund-aksje: Nije tiden, nije kneppels.

Nije tiden, nije kneppels rint no nei de ein. Om de aksje in einsprint te jaan, docht it Fryslân Fûns fan dizze wike ôf in (fansels) folslein Frysktalige reklamekampanje. Mei advertinsjes, radioreklames en fia sosjale media wurdt oandacht frege foar it Fryslân Fûns en de crowdfund-aksje.

De reklamekampanje wurdt mei stipe troch de provinsje Fryslân.

novimber 16, 2022 09:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.