Nij webstee oer it útstoarne Frysk fan Grinslân en East-Fryslân

novimber 4, 2022 21:35

De East-Fryske taalleafhawwer Menno Aden hat in webstee makke oer it Frysk dat eartiids eastlik fan de Lauwers praat waard, it saneamde Easterlauwerske Frysk.

Hjoed de dei bestiet it Fryske taalgebiet út trije “taaleilantsjes”: de provinsje Fryslân (en in lyts stikje Grinslân), de Dútske gemeente Sealterlân en – fier fuort – de Dútske provinsje Noard-Fryslân. It Fryske taalgebiet wie lykwols folle grutter. Tusken de rivieren de Lauwers (op de grins fan Fryslân en Grinslân) en de Wezer (by Bremerhaven) waard yn in fier ferline Easterlauwersk Frysk praat. Yn guon parten is dat sels noch net salang lyn, it Frysk fan it Waadeilân Wangerearch is bygelyks pas om 1950 hinne útstoarn.

Op it webstee is allegear ynformaasje byinoar brocht oer it Easterlauwerske Frysk, lykas online-neislachwurken en in beskriuwing fan de skiednis fan de taal.

Menno Aden hat earder dit jier in boek útbrocht oer it Easterlauwerske Frysk. Aden is gjin taalkundige, mar gitaardosint. Hy hat him yn it Easterlauwersk Frysk ferdjippe, omdat er him Fries fielt en it skande fynt dat de oarspronklike taal fan syn bertestreek ferdwûn is.

It hjoeddeiske Sealterfrysk, dat yn Sealterlân by Kloppenburch praat wurdt, wurdt ek by it Easterlauwersk Frysk rekkene.

It nije webstee is hjir te finen: www.osterlauwersfriesisch.de.

novimber 4, 2022 21:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.