Neilittenskipsprojekt Kulturele Haadstêd 2018: fideoklip fan ‘De lêste jûn’
Resint ferskynd
“Soe it ek mooglik wêze om fan it liet ‘De lêste jûn’ in fideoklip te meitsjen?” Mei dy fraach kamen Amarens Hofstra en Marrit Kooijenga by tekstskriuwer/komponist Wim Beckers. Beckers hoegde net lang nei te tinken en sei tsjin de froulju: “Ik kin neat tasizze fansels, mar ik wol it wol probearje!”.

F.l.n.r.: Amarens Hofstra, Wim Beckers en Marrit Kooijenga (foto: Truida Sluiman)
Sa’t sein waard is ek dien: der waarden subsydzjes oanfrege, it liet waard opnommen yn ’e studio, op 3 septimber lêstlyn waarden yn Heech de filmbylden opnommmen. De klip is sûnt 1 novimber te sjen fia it YouTube-kanaal ‘Wytmarsum yn byld’: It wie de bedoeling om de klip yn 2020 te realisearjen, lykwols moast dat troch koroana ferskood wurde.
‘De lêste jûn’ is in liet dat ûnderdiel útmakke fan it teäterstik Wy jouwe gjin krimp!. Dat stik waard yn it ramt fan Kulturele Haadstêd 2018 skreaun en waard yn novimber 2018 yn totaal sân kear foar krekt safolle útferkochte sealen opfierd. Amarens Hofstra en Marrit Kooijenga makken diel út fan de dûnsgroep, dy’t oan it teäterstik meidie. Njonken it teäterstik bestie Wy jouwe gjin krimp! út in pear teätrale wurkateliers en it lesprogramma ‘Jimp de krimp’ dat op basisskoallen útfierd waard. It doel wie om de krimp ek ris fan in oare kant te besjen. Nammentlik net as in bedriging, mar as in kâns. Der is besocht om safolle mooglik jonge minsken te beheljen en dat is slagge. Al mei al wie Wy jouwe gjin krimp in suksesfol mienskipsprojekt.
En no krekt fjouwer jier letter is der in fideoklip, dêr’t de beide dûnseressen yn 2018 al om fregen. Oan de klip wurken njonken de dûnseressen û.o. ek leden fan de koaren Scheppingsgave en it Popkoar Wytmarsum, in trijetal akteurs en sjongeres Yvonne Sieperda mei (ek al dielnimmer oan it teäterstik). De klip waard opnommen troch de Wytmarsumer filmer Gerke Terpstra. It is in folslein mienskipsprojekt, in neilittenskip fan Kulturele Haadstêd 2018.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje