Nederlânske inisjativen nominearre foar Earthshot-priis fan Prins William
Resint ferskynd
Twa Nederlânske projekten komme yn ’e beneaming foar in Earthshot-priis, in inisjatyf fan de Britske kroanprins William om duorsume ideeën te stimulearjen. Mei trettjin oare kânshawwers meitsje se gading nei in priis fan ien miljoen Britske pûn, sa’n 1,15 miljoen euro.

In bûleskerm by Gelsenkirchen (foto: Wikipedia/Arnoldius, eigen wurk – CC BY-SA 3.0)
It iene Nederlânske projekt dat út hûnderten ynstjoeringen keazen waard, is de ‘Bubble Barrier’, in gerdyn fan luchtbûlen dat plestik út rivieren hellet. It wurdt al op ferskate plakken yn Nederlân ynset: troch fan ûnderen ôf mei in buis mei gatsjes lucht yn it wetter te blazen, driuwt plestik nei it oerflak ta dêr’t it sammele wurdt.
Francis Zoet, ien fan de inisjatyfnimmers fan The Great Bubble Barrier is fereare mei it finaleplak. De organisaasje striidt mei twa oare inisjativen om de Earthshot-priis, dy’t foar it ferbetterjen fan de oseanen ynsteld is. “Wy wisten it al in pear moanne, mar no kinne wy einliks sizze hoe bliid oft wy dermei binne. It soe geweldich wêze as sy de priis winne, mar it betsjut yn elts gefal dat wy meidwaan kinne oan in hiel programma fan de Earthshot Prize en stipe krije fan it netwurk dêromhinne. Dat is al tige weardefol.”
Mocht de organisaasje de ien miljoen pûn winne, dan giet it jild nei it geskikt meitsjen fan it konsept foar wetterwegen yn tichtbefolke gebieten en stêden. De earste buizen lizze no al yn ûnder mear Amsterdam en Katwijk, mar dan soene der mei beheinde middels ek yn bygelyks Azië bûleskermen komme kinne.
Dêrnjonken is de gemeente Amsterdam nominearre foar de ambysje om foar 2050 in folslein sirkulêre ekonomy op te setten. De stêd set bygelyks yn op it werbrûken fan boumaterialen by nijbou. De gemeente is fereare mei de nominaasje. “It is in erkenning foar Amsterdam Circulair”, seit in wurdfierder fan de gemeente.
Fleanende start
De priis waard yn 2021 foar it earst útrikt as in soarte fan miljeu-Nobelpriis om duorsume projekten in triuwke yn ’e rêch te jaan. De namme derfan is ôflaat fan presidint Kennedy’s moonshot, it inisjatyf om mei in grutte ynvestearring fan tiid, kennis en jild de reis nei de moanne mooglik te meitsjen. Prins William hopet op in soartgelikense wize duorsume projekten in fleanende start te jaan.
Njonken de Nederlânske projekten binne der noch trettjin oare inisjativen wrâldwiid nominearre. Dat binne bygelyks: in bedriuw yn Oman dat CO2 ta stientme omfoarmet, in Portugeeske seewierbeskermer, in Sineeske ploech dy’t woastyngebieten fruchtber makket en in Keniaansk inisjatyf foar elektrysk transport.
Op 2 desimber wurdt by in gala yn Boston dúdlik hokker fiif winners in miljoen pûn krije yn ’e kategoryen natuer, skjinne lucht, opbetterjen fan oseanen, duorsume ôffalferwurking en it klimaat. Ferline jier gie de priis ûnder mear nei: it Kostarikaansk belied dat boargers betellet om beammen te plantsjen, koraalfernijing fan de Bahama’s en itensbanken yn Milaan.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje