NASA’s ûnbemanne moanneraket Artemis einlings lansearre
Resint ferskynd
De NASA hat de moanneraket Artemis lang om let lansearre. De raket gie woansdei om 07.47 oere Nederlânske tiid de loft yn. Twa kear earder gie de lansearring net troch fanwege technyske problemen. Orkaan Ian soarge der ek foar dat it opskode.

Foto: NASA/Bill Ingalls
It is de earste kear sûnt 1972 dat in gigantyske moanneraket út Floarida wei lansearre waard. Der moast in ekstra grut platfoarm foar boud wurde, want de raket is sa grut as de Domtoer yn Utert. De Europeeske romtefeartorganisaasje ESA is ek by it projekt behelle. De ESA hat de European Service Module (ESM) levere, dy’t takomstige moannereizgers fan soerstof, waarmte, wetter, stroom en oandriuwing foarsjocht. Under oare in Nederlânsk bedriuw hat ûnderdielen dêrfoar makke. De NASA en de ESA wolle mei de raketflecht ek techniken probearje om nei Mars te gean.
As alles goed giet, komt de moanneraket om 11 desimber hinne op ierde werom. In Artemis-flecht kostet likernôch fjouwer miljard dollar.
Lês ek dit berjocht fan It Nijs: www.itnijs.frl/2022/09/lansearring-artemis-wer-utsteld-nij-besykjen-net-earder-as-ein-septimber.
Besjoch in filmke fan NASA:
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje