Musk lit Twitter-brûkers stimme oer eventuele weromkomst Trump op it platfoarm
Resint ferskynd
- Yn Kanadeesk nasjonaal park twa minsken troch grizzlybear dea 0
- Wetterfûgels oerwinterje yn fûgelrêstgebieten 0
- In ‘ûndûbeldsinnige’ Fryske identiteit kin ek in hiel positive rol spylje 1
- Nederlânsk Blazers Ensemble spilet ‘Stories from the East’ 0
- Britten lilk oer omseagjen ferneamde ‘Robin Hood-beam’ 0
Twitter-eigner Elon Musk freget yn in peiling oan Twitter-brûkers oft sy fan betinken binne dat âld-presidint Donald Trump op it sosjale medium weromkomme mei. Trump waard ferline jier jannewaris foar altyd ferballe troch Twitter fanwege “it risiko op fierdere oantrún ta geweld”.

Foto: Wikipedia/Michael Vadon – CC BY-SA 4.0
Sûnt Musk de baas fan it sosjale medium is, fiert er feroaringen troch. De miljardêr liet al foar’t er it platfoarm yn oktober oernaam, witte gjin foarstanner te wêzen fan it permanint blokkearjen fan Twitter-brûkers. Freed waarden ûnder syn lieding de akkounts fan in stikmannich brûkers wer fan it slot helle, ûnder wa komyk Kathie Griffin. Hja hie har foardien as Musk en waard it swijen oplein op Twitter. Oer it weromdraaien fan de permaninte ferballing fan de âld-presidint is lykwols noch gjin beslút nommen, seit Musk.
Oft de stienrike Twitter-eigner de útkomst fan de peiling brûke sil of dat de peiling fierder gjin konsekwinsjes hat, is lykwols noch ûnbekend. Musk skreau nei’t er de enkête op ynternet set hie “Vox Populi, Vox Dei”, in Latynske sin dy’t ‘de stim fan it folk is de stim fan god’ betsjut. Hy liket dêrmei te ymplisearjen dat it oan Twitter-brûkers is om in oardiel te jaan, mar dat is net wis.
Ynearsten waard Trump foar tolve oeren ferballe
Trump waard ynearsten tolve oeren fan it sosjale medium ferballe, om’t er yn syn tweets net genôch ôfstân naam fan de gewelddiedige kloft dy’t it Amerikaanske Kongres ynfoel. Dat waard koart dêrnei feroare yn in banne foar altyd. De âld-presidint beklage him om ’e mocht en besleat as reaksje syn eigen sosjale medium op te rjochtsjen: Truth Social.
Trump kundige woansdei oan him opnij ferkiesber te stellen as presidint fan de Feriene Steaten. Hy is dêrmei de earste formele Republikeinske kandidaat foar de presdintsnominaasje by de ferkiezingen fan 2024.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje