Moasje ferankerjen Frysk wittenskiplik ûnderwiis troch mearderheid 2e Keamer oannommen

novimber 30, 2022 10:02

In bysûnder wapenfeit yn de Twadde Keamer: de moasje fan de Keamerleden Habtamu de Hoop (PvdA) en Harry van der Molen (CDA) foar it wetlik ferankerjen fan wittenskiplik ûnderwiis fan it Frysk, waard tiisdei mei de grutst mooglike mearderheid oannommen: 149 om 1. Lês de moasje fan De Hoop en Van der Molen hjir.

Boarne: EBLT

Sûnt it pensjoen fan heechlearaar Goffe Jensma is der opskuor oer syn opfolging. As opfolger is Anne Merkuur as universitêr dosint beneamd, mei in oanstelling foar twa dagen, wylst Jensma in foltiidfunksje hie. Twa wike lyn rôpen tal fan Fryske pommeranten (wittenskippers, bestjoerders en skriuwers) de universiteit op om in folweardige heechlearaar te beneamen.

Ofrûne moandei hie DINGtiid, orgaan foar de Fryske taal, in petear mei Jouke de Vries, foarsitter fan it bestjoer fan de Ryksuniversiteit Grins oer it heechlearaarskip Frysk. De Vries sei nei ôfrin fan it petear mei DINGtiid dat misferstannen út ’e wei wiene. “Op termyn komt der in heechlearaar, no is der in universitêr dosint en der komt in postdoc (ûndersiker) by.” Neffens De Vries betsjinnet de universiteit it Frysk goed en is dy dwaande mei in tuskenoplossing. Foarsitter Jan Koster hat witte litten dat DINGtiid en de universiteit oerienkommen binne dat de RUG wol in folsleine en folweardige learstoel Frysk hâldt.

Foar it petear mei de delegaasje fan DINGtiid wie De Vries by deputearre Sietske Poepjes en kommissaris fan de Kening Arno Brok op it provinsjehûs yn Ljouwert. Frou Poepjes en Brok hawwe mei De Vries ôfpraat dat de Ryksuniversiteit Grins krewearje sil om sa gau mooglik in nije heechlearaar Frysk te beneamen.

Boarne: EBLT en Omrop Fryslân

novimber 30, 2022 10:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.