Minsken omkommen by oerstreamingen op ’e Balkan
Resint ferskynd
Op ’e Balkan binne yn elts gefal seis minsken om it libben kommen troch oerstreamingen as gefolch fan de grutte hoemannichte rein dy’t dêr fallen is. Foaral it noardwesten fan Albanië is troffen. Grutte gebieten lânbougrûn steane splis, en in protte huzen binne oerstreamd. De autoriteiten hawwe evakuaasjes ynsteld.

Foto: morguefile.com
Troch it reinwetter binne rivieren bûten de wâlen gien, lykas de langste rivier fan Albanië, de Drin. Der foel juster op guon plakken yn in etmiel 400 milimeter rein. Om te ferlykjen: yn Nederlân falt yn trochsneed yn in jier goed 800 milimeter. Yn it plak Boge, benoarden fan de Albaneeske haadstêd Tirana, binne twa lichems fûn. It binne in heit en in soan dy’t yn ’e auto troch it wetter grypt waarden. Yn ’e omkriten fan de Albaneeske stêden Shkodër en Lezhë binne yn elts gefal 600 huzen ûnderstrûpt. “Shköder is fan de rest fan it lân ôfsletten”, seit de boargemaster.
Needtastân
Yn Montenegro en parten fan Servië binne yn totaal fjouwer deaden fallen troch it wetter. In frou en har twa bern kamen mei de auto yn in rivier telâne. In jonge fan twa ferdronk yn it suden fan Servië yn in rivier. De autoriteiten yn de Súd-Servyske regio Raška hawwe de needtastân útroppen. It leger is ynset om de lokale befolking te helpen mei evakuaasjes en earste libbensferletten. De kommende dagen wurdt mear reinwetter ferwachte. Ut Kosovo komme ek meldingen fan oerstreamingen. Dêr binne foar safier bekend gjin slachtoffers fallen. Wol is der hjir en dêr skea.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje