Minister wol maatskiplike dialooch oer wolf yn Nederlân

novimber 10, 2022 09:51

Minister Van der Wal fan Natoer en Stikstof wol dat der in brede maatskiplike dialooch oer de wolf yn Nederlân op gong komt. Yn ’e Twadde Keamer kundige se oan dat se dêrfoar yn petear sil mei de Ried foar Bisteoangelegenheden, in advysorgaan fan it kabinet.

Foto: pixabay.com

It tanimmende tal wolven yn Nederlân laat ta in hjit debat. Natoerbeskermers fine it prachtich dat it bist werom is yn Nederlân, mar oaren binne bang foar de feiligens fan minsken, fee en húsbisten en roppe op ta it ferjeien of ôfsjitten fan ‘probleemwolven’. “Foaral op sosjale media ferskine berjochten dy’t op it fersprieden fan eangst rjochte binne. Dêr haw ik noed oer”, sei de minister. “De hiele diskusje is no basearre op eangst en rebûlje en dat is net soarchfâldich. It soarget ek foar tsjinstelling.”

Yn it maatskiplik petear, dêr’t alle belanghawwers oan meidwaan kinne, moat de fraach oan ’e oarder komme oft de eangst foar de wolf terjochte is, hokker posysje it bist yn ’e Nederlânske natoer hawwe kin en hoe’t foar te kommen is dat fee en húsbisten it slachtoffer fan de wolf wurde. “It is in yngewikkeld probleem mei in protte dilemma’s en botsende belangen”, sei de minister. Hja wol der alles oan dwaan om de eangst by minsken wei te nimmen dat sy of harren bisten troch in wolf oanfallen wurde. “Mar tagelyk is it ek in ferriking fan it bioferskaat. De wolf is in ynlânsk bist en hat sels it paad nei ús lân weromfûn. En it is in beskerme bistesoart.”

De lêste tiid binne der faker berjochten oer wolven dy’t kontakt mei minsken net út de wei geane en sels opsykje. Partijen as de VVD, de SGP en BBB sjogge dêr oanlieding yn om yn te gripen. “It is in kwestje fan tiid foar’t de wolf in bern oanfalt”, warskôge Caroline van der Plas fan BBB. “Readkapke? It is aanst gjin mearke mear yn Nederlân.” Mar neffens de minister mei in wolf dy’t problemen jout allinnich mar ferjage of ôfsketten wurde as it echt net oars kin. Previnsje troch in goede omfreding of troch hûnen dy’t it fee beweitsje en de wolven ôfskrikke, hat de foarkar. Dêr hawwe minsken yn it bûtenlân goede ûnderfiningen mei. Keamerlid Leonie Vestering fan de Partij foar de Dieren is bang dat minsken probleemgedrach útlokje sille om yngripe te kinnen. Hja wiisde op berjochten dat op de Feluwe fleis dellein wurdt om wolven te lokjen foar in moaie foto. Hja beklamme dat de wolf yn wêzen minskeskou is.

Keamerlid Thom van Campen fan de VVD is net optein oer it plan fan syn partijgenoate Van der Wal foar in maatskiplik petear oer de wolf. “Dat is allegear tige nobel, mar wat betsjut dat foar de boer dy’t moarns wekker wurdt en sjocht dat syn skiep of keallen deabiten en ferskuord binne?” Frou Vestering fan de Partij fan de Dieren sei dat sy ek skrikt fan wat minsken mei fee dogge, dat alle jierren 600.000 skiep deade wurde yn de feehâlderij.

novimber 10, 2022 09:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.