Minister Bruins Slot lilk op universiteit om lege learstoel Frysk
Resint ferskynd
It is net fetsoenlik dat de Ryksuniversiteit Grins de learstoel Fryske taal- en letterkunde yn Grins net op ‘e nij beset hat nei’t perfester Goffe Jensma mjirkes woarn is. It koe sels wolris yn striid wêze mei de ôfspraken tusken Ryk en universiteit. Dat sei minister fan ynlânske saken Hanke Bruins Slot juster yn “de rede fan Fryslân”, in taspraak dy’t hja hâlde yn it provinsjehûs.
Hja krige byfal fan komsaris fan ‘e kening Arno Brok, dy’t fan betinken wie dat de ôfspraken tusken Ryk en provinsje oer it Frysk wol wat ambisjeuzer wurde meie. “It is mei sizzen net te dwaan”, sa sei Brok.
De Fryske Twadde Keamerleden Harry van der Molen, Romke de Jong en Habtamu de Hoop kamen juster ek op foar de learstoel Frysk yn Grins. Se kundigen doe in moasje oan mei de strekking dat der in wet komme moat dy’t garandearret dat der op syn minst ien universiteit yn Nederlân is dêr’t Frysk studearre wurde kin.
De Jong sei ek dat der no safolle Friezen yn de Twadde Keamer sitte dat dêr ek wol mear Frysk praat wurde kin – mei in Nederlânske oersetting derby.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje