Minister: befoarderjen fan Fryske taal en kultuer is Ryksferantwurdlikheid

novimber 25, 2022 18:41

Minister Hanke Bruins Slot hâldt de Rede fan Fryslân 2022. Boarne: Provinsje Fryslân

‘Sunich wêze op de taal fan it hert’ wie de titel fan de Rede fan Fryslân dêr’t de minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes mr. drs. H.G.J. Bruins Slot har fyzje op de takomst fan de Fryske taal yn joech. Hja spruts juster yn in grôtfolle Steateseal. Dat brocht har ûnder mear ta de konklúzje dat it Ryk mei ferantwurdlik is foar it befoarderjen fan de Fryske taal en kultuer. De minister is der yntusken min oer te sprekken dat de learstoel Frysk leech bliuwt en nimt de Universiteit fan Grins yn ‘e mande mei de Provinsje Fryslân geweken oer de kwestje. Tagelyk is se ynnommen mei útstellen fan bestjoerskundige prefester Heinrich Winter, dy’t se yn har omgean lit.

De Rede is hjirre yn al syn hear en fear werom te sjen. Dat is ynklusyf in iepeningswurd fan kommissaris fan de Kening Arno Brok (op goed tritich minuten) en in sprutsen kollum fan Steatelid Hanneke Goede (op omtrint fjirtich minuten). De minister set op 47.55 minuten útein. In refleksje fan deputearre Sietske Poepjes folget op ien oere en alve minuten. Dêrnjonken optredens fan dichter Arjan Hut en sjongeres Hiske Oosterwijk.

De kommissaris fan de Kening en de minister nei ôfrin fan har rede. Boarne: Provinsje Fryslân

novimber 25, 2022 18:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.