Meiwurkers Twitter krije manmachtich dien

novimber 4, 2022 09:07

Yn in e-mail oan it personiel fan Twitter hat eigner Elon Musk befêstige dat der ferskate meiwurkers dien krije. Neffens de e-mail, dy’t yn hannen is fan ûnder mear The Washington Post, wurdt freed buorkundich makke wa fan de likernôch 7500 meiwurkers harren baan kwytreitsje. Tongersdei lekte al út dat it om de helte fan it personielsbestân gean soe. Personiel wurdt frege om net nei kantoar te kommen oant bekend is wa’t bliuwe mei.

Elon Musk (foto: Wikipedia/NORAD and USNORTHCOM Public Affairs – publyk domein)

Yn in e-mail skriuwt Musk: “Team, yn in besykjen om Twitter op it goede paad te bringen, sette wy útein mei it drege proses om ús wrâldwide personielsbestân lytser te meitsjen.” Neffens de eigner fan Twitter, dy’t goed 44 miljard euro foar it techbedriuw betelle, is it wiidweidige ûntslach nedich om yn ’e takomst wis fan sukses te wêzen.

Winst
De grutte reorganisaasje folget nei’t Musk op syn earste dei as eigner, op 28 oktober, de top al dien jûn hie. Reuters berjochte earder dat Musk troch adviseurs derop wiisd is dat it bedriuw kostebesparringen fan ien oant trije miljoen dollar deis trochfiere moat. Op dy wize soe Twitter yn ’e takomst winst opsmite kinne.

Neffens The New York Times lizze der ek plannen op tafel om brûkers foar priveeberjochten en it besjen fan beskate fideo’s betelje te litten.

novimber 4, 2022 09:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.