Meisjongkonsert en Huzumer High Tea
Resint ferskynd
- LTO Noard: Bioferskaatmaatregels fan boeren foar flinters wurkje 0
- Studinten Friesland College eksposearje eigen kreaasjes yn Keramykmuseum Prinsessehof 0
- Amerikaansk jonkje (6) bestelt foar tûzen dollar oan iten mei heit syn snoadfoan 0
- Utrikking LF2028-prizen by Iepen Mienskipfûnsjûn 0
- Doede Wiersma: De berchrede as troanrede op ’e tredde tiisdei fan septimber 0
Op snein 20 novimber wurdt yn de Doarpstsjerke fan Huzum, alias Cultuurpodium Dorpskerk Huizum, Leeuwarden, it jierlikse meisjongkonsert holden. Op it programma steane in protte meisjongers. Yn it skoft is der de Huzumer High Tea mei in kop kofje of tee. De frijwilligers fan de Doarpstsjerke traktearje op eigenbakte taart.
It Smartlappenkoor Sipelsjeu, yn prachtige klaaiïng en mei in geweldige begelieding, soarget foar de krekte sfear. Behalve “De glimlach van een kind” en “Een lach en een traan” komt it koar ek mei hjoeddeiske libbenslieten foar it ljocht. Dy wurden twa-, trije- en fjouwerstimmich fertolke.
In optreden fan Sipelsjeu hâldt yn: harkje, sjen, genietsje en meisjonge. Maar…, hâld de bûsdoek wol by de hân!

Smartlappenkoor Sipelsjeu. Foto Anne Waterlander
It konsert begjint om 15.00 oere. Betiid komme is oan te rieden.
De tagong kostet € 12,50; foar bern o/m 12 jier € 2,50 (inkl. konsumpsje).
Kaarten binne foarôf digitaal te keap fia https://www.ticketkantoor.nl/shop/sipelsjeu.
Parkearje kin fergees op it terrein foar Intratuin oer (súdkant Tynjedyk).
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje