Man oppakt foar meitsjen sabeare pornofideo mei WNL-presintator Welmoed Sijtsma
Resint ferskynd

Welmoed Sijtsma (boarne: Provinsje Fryslân)
De plysje hat in man oanholden dy’t derfan fertocht wurdt in sabeare seksfideo makke te hawwen fan WNL-presintator Welmoed Sijtsma. It Iepenbier Ministearje lit oan it AD witte dat de fertochte in 38-jierrige man út Amersfoart is. Hy is heard en ûnderwilens wer thús.
Frou Sijtsma kaam der ferline jier efter dat op ynternet in filmke rûngie dêr’t sy op te sjen liket te wêzen. It bliek in saneamde deepfakepornofideo te wêzen. De holle fan frou Sijtsma wie digitaal op it lichem fan in porno-aktrise montearre.
De presintatrise die oanjefte en makke in telefyzjesearje oer de wrâld fan sabeare seksfideo’s. Foar de rige prate se mei saakkundigen en oare bekende Nederlanners dy’t soks ek oerkommen is. Uteinlik slagge it frou Sijtsma om fia in tsjet mei de makker fan de fideo yn petear te gean. It petear is jûn te sjen yn it programma Welmoed en de sexfakes by omrop WNL.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje