LTO Noard organisearret safary by slachtoffers wolf lâns

novimber 3, 2022 08:43

LTO Noard organisearret fan ’t hjerst safarys dêr’t minsken mei eigen eagen by sjen kinne wat de gefolgen fan de wolf yn Nederlân binne. It rôfbist hat ûnderwilens op ferskate plakken yn Nederlân slachtoffers makke. By in safary komme besikers mei boeren yn kontakt, dy’t har alle nachten wer ôffreegje oft harren bisten it folgjende slachtoffer binne. In bistedokter is oanwêzich om te fertellen wat de bisten meimeitsje as se pakt wurde.

Boarne: LTO Noard

Minsken kinne har by LTO Noard foar de ekskurzje oanmelde. Hja wurde dan skille as der nije slachtofers fallen binne. Belangstellenden wurde dan yn kontakt brocht mei boeren dy’t meimeitsje moasten hoe’t de bisten deade waarden. Bistedokter Bernd Hietberg sil op de lokaasje wat oer de slachtoffers fertelle. “Wy riede it bern ûnder de achttjin jier oan om thús te bliuwen. De safarys binne spitigernôch allinnich gaadlik foar minsken mei in sterke mage.”

De safarys binne in alternatyf op de wolve-ekskurzje, dy’t Natuermonuminten meikoarten organisearret. “Ynienen begriep ik wêrom’t Natuermonuminten sa gek is op de wolf. It is foar dy organisaasje gewoan in fertsjinmodel”, seit foarsitter Dirk Bruins fan LTO Noard. “Dat is in slach yn it gesicht fan minsken dy’t harren bisten ferlearen.” Bruins hat al mei talleaze boeren praat dy’t skiep, hynders en kij troch de wolf ferlearen. “Nederlân hat net de juste libbensomstannichheden foar de wolf.”

LTO Noard pleitet al in skoftlang foar it behear fan de wolf. Dêr kriget de organisaasje ek hieltyd mear stipe foar. De provinsjale polityk yn Drinte en Fryslân hat him ûnderwilens foar in behearplan útsprutsen. Behear fan de wolf leit lykwols yngewikkeld troch Brusselske regeljouwing. Bruins: “Fan ferskate provinsjes hear ik al dat se dy regels oanpasse wolle. Ik rop minister Adema dêrom op om sa gau mooglik nei Brussel te gean.”

novimber 3, 2022 08:43
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. egbert novimber 9, 15:18

    Wat in goed idee! Noch better wurdt it wannear de minsken dan nei de safary trochgean nei de hinne- en barge slachterij mei bistedokter Bernd dy’t fertellet wat de bisten der trochmakke.

  2. Eric febrewaris 28, 12:04

    “De ChristenUnie fynt dat der yn ús
    kultuerlânskip gjin plak is foar de wolf.”

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.