LTO: Europeesk Parlemint wol minder beskerming fan wolf
Resint ferskynd
It Europeesk Parlemint hat ferline wike in resolúsje oannommen oer it oanpassen fan de beskermingsstatus fan de wolf. Wannear’t bliken docht dat de winske wolvepopulaasje berikt is, is it paad frij om de status fan de wolf yn ’e Habitatrjochtline te ferleegjen fan ‘tige beskerme’ nei ‘beskerme’. De resolúsje komt fuort út de soargen dy’t der binne oer de tanimmende oanfallen fan wolven op fee.

Boarne: LTO Noard
“Wy jouwe om de feiligens fan ús bisten. En binne no ek al lang dwaande om dêr omtinken foar te freegjen. It is goed dat der no ek polityk wat mei bart. Dat is in earste stap yn Europa. Wy roppe it Nederlânske regear op om him der yn Europeesk ferbân foar yn te setten”, seit LTO-bestjoerder Dirk Bruins.
Fierder wurde mei de oannommen resolúsje de Europeeske Kommisje en lidsteaten oproppen om yn kaart te bringen wat de ynfloed fan de wolf op de feehâlderij, it bioferskaat en it plattelânslibben- en toerisme is. Der moat ek sjoen wurde nei de finansieringsmooglikheden foar de lange termyn, om boeren te kompensearjen foar ûnkosten as gefolch fan in oanfal of it nimmen fan previntive maatregels. Dêrneist wurdt in bewustwurdingskampanje neamd en it jaan fan ynformaasje oer praktyske oplossingen en finansjele mooglikheden om previntive maatregels tsjin oanfallen op húsbisten te nimmen.
LTO ferwachtet nei it oannimmen fan dy resolúsje ek yndied mear aksje fan de Europeeske Kommisje. Dy is no oan set om gehoar te jaan oan de oprop út it Europeesk Parlemint wei en mei wizigingsfoarstellen fan de Habitatrjochtline te kommen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje