Literêr Sirkwy op 16 desimber yn kafee Marktzicht yn Drachten
Resint ferskynd
Dichterskollektyf RIXT hat dit jier oan dichters foar harren ferbliuw op it Skriuwersarkje by De Feanhoop omtinken frege foar in keunstprojekt út ‘e njoggentiger jierren fan de foarige iuw.
Doe hawwe in stikmannich Fryske dichters, mei dêrûnder Baukje Wytsma, J.Q. Smink, Jan. J. Bijlsma en Margryt Poortstra, yn gearwurking mei byldzjende keunstners lykas Willem van Althuis, Sjoerd de Vries, Gerrit Terpstra, op inisjatyf fan de Stichting Beeldende Kunst Friesland in bibliofile útjefte mei 32 skiften mei byld en tekst útbrocht.
It dichterskollektyf hat syn dielnimmers om in reaksje op in beskaat katern út dy rige frege: Hoe sjogge hjoeddeistige eagen nei dat katern fan doe?
Wat dat opsmiten hat is werom te sjen en hearren op it YouTube-kanaal fan Rixt. Dy dichters en folle mear binne te hearren op Literêr Sirkwy op freedtejûn 16 desimber te Drachten:

Foto en ûntwerp: Geart Tigchelaar
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje