Lindekolleezje Wolvegea wint Fryske ‘Dragons’ Den’
Resint ferskynd
It Lindekolleezje yn Wolvegea mei him winner fan de skoalkriich ‘Wy hawwe de takomst 2022’ neame. Freedtemoarn strieden it Lindekolleezje, it Stellingwerfkolleezje út Easterwâlde en de CSG Liudger út Drachten yn it provinsjehûs yn Ljouwert tsjinoar by de ôfslutende Dragon’s Den. Yn Grinslân en Drinte kamen learlingen ek om de prizen te ferdielen, troch harren bêste enerzjy-idee by fjouwer sjueryleden (de dragons) te presintearjen.

De winners fan Dragons’ Den yn Fryslân (foto: Provinsje Fryslân)
Grutte winner wie FC Teamwork. Hja hawwe Lisdoclean betocht. In folslein miljeufreonlike alleshimmeler makke fan tuorrebouten. De sjuery wie ûnder de yndruk fan it idee, de krekte útwurking en fan it prototype. Tuorrebouten kinne yn feangreidegebieten ferboud wurde en in alternatyf fertsjinmodel foar boeren wêze. De tuorrebout bliek in mearsidige plant. Oare ploegen brûkten de plant om bôle of pasta fan te meitsjen of foar it produsearjen fan ruften.
De bêste presintaasje wie fan de ploech Micro Champions fan it RSG Liudger. Dy hie in kant en klear plan foar it enerzjyneutraal meitsjen fan harren skoalle. It meast fernijende idee wie fan ToiToiToi fan it Lindekolleezje. Dy ûntwurp in kompjûterspul en in boerdspul, dêr’t de spilers in duorsume stêd mei bouwe kinne.
Sjueryrapport
De sjuery hie it dreech. Alle ideeën wiene goed útwurke en tige ynnovatyf. Alle ploegen presintearren mei in protte enerzjy harren ideeën. By einbeslút wie it prototype fan de alleshimmeler trochslachjaand. It sirkulêre produkt makket net allinnich goed skjin, mar kin boeren yn feangreidegebieten perspektyf biede. De sjuery seach ek fuortdaliks kânsen om it produkt binnen de feriening Circulair Fryslân fierder te bringen. Wethâlder Evert Stellingwerf fan de gemeente Ljouwert rikte de prizen út.
Wat gie deroan foarôf?
De groepen learlingen joegen in presintaasje oer it idee dat de trijentritich ploegen by de hackathon betocht hiene. In idee dêr’t se de ôfrûne acht wike mei harren klasgenoaten oan wurke hawwe en dat te krijen hat mei ien fan de fjouwer enerzjyfraachstikken. De ploegen joegen de presintaasje yn ien fan de trije provinsjehuzen. Harren filmkes fan de hackathon seagen der ûnthjittend út.
Fjouwer enerzjyfraachstikken:
– It miksen en balansearjen fan enerzjyfoarmen, dêr’t men lokaal en regionaal gebrûk fan meitsje kin;
– It ynsetten fan enerzjybesparringen/-opbringsten by it oplossen fan maatskiplike problemen;
– Bewustmeitsjen fan de ynfloed fan hâlden en dragen op CO2-útstjit fia spultsjes of simulaasje;
– Ynsetten fan natuerlike oplossingen by de enerzjytransysje.
Dragons’ Den
By de Dragons’ Den krije learlingen, ûnderwilens begjinnende ûndernimmers, de mooglikheid om harren dream wier te meitsjen. Hja presintearje harren idee yn trije minuten oan in panel fan ynvestearders (dragons). It úteinlike doel is dat harren idee der yndie komt.
Mear ynformaasje is te finen op ’e webside fan Dragons’ Den.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje