Lêzing Fryske paleontolooch Anne Schulp yn Natuermuseum Fryslân

novimber 12, 2022 08:29

De GEA Kring Fryslân organisearret geregeld in lêzing yn it Natuermuseum Fryslân. Dy wurde woansdeitejûns holden. Yn de lêzing fan 16 novimber fertelt de Fryske paleontolooch Anne Schulp oer ûndersyk nei de T. rex.

Pete Larson (l.) en Anne Schulp (foto: Servaas Neijens/Naturalis Biodiversity Center)

Elkenien ken de ferneamde en beruchte dino Tyrannosaurus rex. Mear as 66 miljoen jier lyn makke dy tolve meter lange fleisiter it westen fan Noard-Amearika ûnfeilich. Ien fan de meast folsleine T. rex-bonkerakken waard tsien jier lyn opgroeven troch in ploech fan Naturalis yn Leien. It bonkerak is dêr no it hichtepunt fan de nije dinosaurusseal.

Mar wat is oer it libben fan sa’n útstoarne dinosaurus bekend? Wat kinne de fossilen fertelle? Wat is bekend oer it dieet, de ferwûningen, de faasje, de skubben en it gesichtsfermogen, de kleur, it rûkfermogen en de fearren fan T. rex? De dinosauruspaleontology is yn 2022 lang net mear allinnich in saak fan bonken opgrave en bonkerakken yninoar sette. Nije, avansearre ûndersykstechniken jouwe yn it lab in djipper ynsjoch yn ’e biology fan útstoarne bisten – de T. rex net útsûndere.

Abonneminthâlders fan it Natuermuseum en oare nigethawwers binne wolkom om de lêzing by te wenjen en hawwe fergees tagong. Wol wurdt in bydrage foar kofje en tee frege. Ynrin is fan 19.30 oere ôf, de lêzing begjint om 20.00 oere.

Sjoch op www.natuurmuseumfryslan.nl foar mear ynformaasje.

novimber 12, 2022 08:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.