Lêzing Douwe Draaisma oer âlderdom en ûnthâld op 17 novimber yn Oentsjerk

novimber 7, 2022 09:06

Douwe Draaisma hâldt op tongersdei 17 novimber in lêzing oer âldensôfhinklike feroaringen yn it ûnthâld. De lêzing is fan 20.00 oere ôf yn Pro Rege yn Oentsjerk. De tagong is fergees.

Douwe Draaisma (boarne: Trynwâlderein)

Oer Douwe Draaisma
Douwe Draaisma (1953) is in Nederlânske psycholooch, spesjalisearre yn de aard en meganismen fan it minsklik ûnthâld. Hy is bysûnder heechlearaar yn de skiednis fan de psychology oan de Ryksuniversiteit Grins. Draaisma is de auteur fan in tal suksesfolle boeken dy’t ek oerset binne. Mei syn Waarom het leven sneller gaat als je ouder wordt wûn er ferskate prizen. In minske kin ferskate soarten saken ûnthâlde, net inkeld teksten, mar ek bylden, kleuren, lûden en sels roken en gefoelens. Om eat better ûnthâlde te kinnen, wurdt soms in ezelsbrechje brûkt. Om net te ferjitten dat der noch wat dien wurde moat, wurdt soms praat oer ‘in knoop yn de bûsdoek lizze’, wat ek tsjutte kin op bygelyks it jûns klearlizzen fan eat by de foardoar sadat de oare deis net fergetten wurdt om it mei te nimmen.

Guon yndrukken wurde mar foar koarte tiid, en oare yndrukken foar tige lange tiid ûntholden. It ûnthâld fan de minske is net perfekt en soms miene wy ús saken yn it sin te bringen dy’t net bard binne. Troch oefening kin it ûnthâld ferbettere wurde. Der kinne ferskillende foarmen fan ûnthâld ûnderskaat wurde. Eins is der sprake fan twa ferskillende soarten yndielingen. De earste en meast bekende yndieling is basearre op it aspekt tiid of doer (sintúchlik, koartetermyn- en langetermynûnthâld). In twadde yndieling is basearre op it aspekt belibbing, nammentlik oft it ûnthâld eksplisyt (of bewust) of ymplisyt (of ûnbewust) is. Draaisma sil de oanwêzigen dat byldzjend útlizze. It giet oer datjinge dat minsken allegear oangiet. Elkenien hat mei âlder wurden en mei ferjitten te krijen.

It is Aldereinnetwurk Trynwâlderein in eare dat Draaisma helpe wol om it tinken en it ûnthâld fan minsken op te friskjen.

Tongersdei 17 novimber 2022 om 20.00 oere yn Pro Rege Oentsjerk. De tagong is fergees.

Sjoch ek op ’e webside fan Trynwâlderein.

novimber 7, 2022 09:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.