Lânskip, Leafde en Libbensfreugde te hearren yn muzyk

novimber 21, 2022 10:56

Sneontejûn 26 novimber jout it Vocaal Ensemble Leeuwarden in konsert yn de Agnestsjerke yn Goutum. De tema’s Lânskip, Leafde en Libbensfreugde steane dêr – mei lieten yn it Frânsk, it Italiaansk en it Frysk – sintraal yn.

De skjintme fan leafde en natuer is troch de iuwen hinne faak besongen. Mar wat as de leafde net ta libbensfreugde laat?

Frysktalige teksten oer de leafde binne op muzyk set troch Jaques Vredeman (1563-1621). Dy teksten wurde no plat en op it rântsje ôf fûn. Orlando di Lasso en Pierre Certon skreauwen chansons mei ek net bot ferheffende teksten oer leafde en libbensfreugde, mar yn it madrigaal ‘O Prima Vera’ beskriuwt Giaches de Wert (1535-596) in net te berikken hege leafde. It wurdt maitiid, mar syn leafste dy’t stoarn is, sil dat net net mear belibje.

As yn ‘Jiergong’ fan Frank van Nimwegen (1961) de maitiid oanbrekt, spat de libbensfreugde der krekt fan ôf. Van Nimwegen sammele Fryske poëzy oer de tiden fan it jier. De sfear fan it lânskip is yn syn muzyk te hearren. Obe Postma (1868-1963) waard tige yn beslach nommen troch it Fryske Lânskip en plattelânslibben. Peter Visser (1939), dy’t trije fan syn wurken op muzyk sette, sil as earegast it konsert bywenje.

It koar wurdt op de piano begelaat troch Jan van Liere op de dwersfluit troch Annemarie van der Reijden. Dirigent is David van Roijen.

It konsert begjint om 20.00 oere. It is fergees, mar in frijwilige bydrage is wolkom.

novimber 21, 2022 10:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.