‘kom & sjong’, in rike en prachtige oanwinst
Resint ferskynd
Oankundiging
By útjouwerij De Ryp komt op 26 novimber in nijsgjirrige sjongbondel út. In mânsk boek mei in ynhâld dy’t bestiet út in ryk ferskaat oan muzyk dy’t Hindrik van der Meer fyftich jier lang brûkte om mei alle mooglike groepen te sjongen lykas by it ferneamde koar Auke Roukes en de sjongwykeinen Kom & Sjong op Folkshegeskoalle Schylgeralân. Oan dy wykeinen ûntlient de bondel dan ek syn namme.
It repertoire bestiet út oantreklike, bekende lieten, troch Van der Meer ta mearstimmige koarmuzyk bewurke, en út muzyk dy’t er by oarmans en eigen teksten skreau. De krapoan 140 lieten besjonge net allinne de skientme fan lânskip en taal, natuer en leafde, mar der steane ek besinningslieten en sjongspullen yn, oanfolle mei kanons en lieten foar bern en om mei bern te sjongen.
It gehiel is oersichtlik yndield yn acht tematyske skiften dy’t hieltyd foarôfgien wurde troch in skilderij fan in Fryske keunstner.
Boekgegevens
A4-formaat, stevich papier, ringbân
ISBN 978-90-832694-2-9
Priis € 20,00
Te keap by www.utjouwerij-deryp.nl en by boekhannels: v/d Velde, Afûk, Boekhuis Stumpel Boalsert/Warkum, Muizelaar Koudum
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje