Keramykmuseum Prinsessehof docht mei oan PAN Amsterdam
Resint ferskynd
Fan 20 oant en mei 27 novimber docht Keramykmuseum Prinsessehof mei oan PAN Amsterdam, de beurs foar keunst, antyk en ûntwerp yn RAI Amsterdam. It Prinsessehof presintearret dêr ûnder oare de nagelnije útjefte Kunst en Koken, dêr’t unike gerjochten fan topkoks yn servearre wurde op servysguod út de kolleksje fan it museum. Dêrnjonken fersoarget it Prinsessehof op de beurs op 22 novimber in wiidweidich programma mei lêzingen en in priuwerij. Kaarten binne te keap fia pan.nl.

Foto: Prinsessehof Ljouwert
Programma
Op tiisdei 22 novimber binne der spesjale aktiviteiten oangeande it Prinsessehof op it PAN Poadium. Fan 15.00 oant 15.45 oere fertelt konservator Wendy Gers oer duorsume keramyk. Hoe sjocht duorsumens der yn de keramyk út? En wat is de takomst fan dat medium mei syn grutte ympekt op it miljeu? De lêzing is yn it Ingelsk. Fan 16.00 oant 16.45 oere nimt Karin Gaillard, earder konservator en betinker fan Kunst en Koken, de besikers mei yn it meitsjen fan it itensiedersboek. Wa’t benijd wurden is, kin fan 17.00 oant 17.45 oere fan in kulinêre priuwerij genietsje.
Itensiedersboek
Yn it krekt ferskynde itensiedersboek wurde museale boarden, skûtels en kûmen foar it earst wer brûkt dêr’t se ea foar ornearre wiene: it optsjinjen fan fraaie gerjochten. Foar it boek binne 45 foarwerpen út de kolleksje fan it Prinsessehof selektearre, ôfkomstich út Azië, it Midden-Easten en Europa en datearjend fan de 9e iuw oant no. De resepten binne spesjaal by de museumkolleksje betocht troch (ynter)nasjonaal bekende sjefkoks, kulinêr skriuwers, bakkers en oare besiele leafhawwers fan iten, wêrûnder Yotam Ottolenghi, Claudia Roden, Vanja van der Leeden, Dick Soek en Cees Holtkamp. Mei harren kostlike gerjochten hawwe sy net allinnich de smaken fan East en West mei-inoar ferbûn, mar ek de museumstikken út dy kultueren wer ta libben brocht.
Kunst en Koken biedt in ferskaat oan gerjochten, fan soppen en salades oant fleis, fisk en fegan, fan foargesetsjes oant taart, koekjes en neigesetsjes. It goed 400 siden tellende itensiedersboek is te keap by PAN Amsterdam by diske 107, en yn de museumwinkel en webwinkel fan it Prinsessehof. Oant 1 desimber jildt in spesjale oanbieding: wa’t Freon wurdt fan it museum foar € 37,50 jiers, kriget it itensiedersboek mei in wearde fan € 49,95 as wolkomstkado.

Foto: Prinsessehof Ljouwert
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje