Katalaanske jeugd ferbrekt him gauris
Resint ferskynd
Hast elkenien dy’t yn Kataloanië wennet, kin it Katalaansk ferstean en in grutte mearderheid fan 81 persint kin de taal ek prate. Dat wol net sizze dat alle ynwenners fan Kataloanië de taal yn it deistich libben ek brûke, sa docht bliken út nij ûndersyk dat de Katalaanske oerheid útfierd hat.
Neffens it Katalaanske ministearje fan taalbelied en it Katalaanske buro foar de statistyk is de taalbehearsking yn beweging. Sûnt 1981 is it oanpart minsken dy’t Katalaansk skriuwe kinne mear as ferdûbele, fan 32 nei 65 persint. Dat lit neffens it Katalaanske regear sjen dat it Katalaanske ûnderwiissysteem, dat foar it grutste part Katalaansktalich is, goed wurket. De sifers binne basearre op in represintative enkête ûnder njoggentûzen minsken.
31 persint hat it Katalaansk as memmetaal, 53 persint it Spaansk en 3 persint beskôget beide talen as memmetaal. 11 persint hat in bûtenlânske taal as memmetaal.
Fan de ynwenners fan Kataloanië brûkt 76 persint it Katalaansk yn it deistich bestean. 93 persint brûkt it Spaansk yn it libben fan al-den-dei. De âlderein brûkt yn it deistich libben foaral Katalaansk, mar jongelju, benammen yn de stêd Barcelona, prate folle mear Spaansk. Yn guon wiken fan Barcelona praat sels mar 5 persint fan de jongelju yn it deistich libben Katalaansk. Jongelju sjogge it Spaansk as de taal mei de heechste status.
Ester Franquesa, de minister foar taalbelied, seit dat in protte Spaansktaligen dy’t hegerop wolle wol ynsjogge dat behearsking fan it Katalaansk dêrfoar nedich is. Om by de oerheid of yn it ûnderwiis wurkje te kinnen is in goede kennis fan dy taal nedich. As folwoeksene leare hja dêrom gauris dochs noch Katalaansk.
Katalaansk is ek in Spaanske taal (in taal dy’t yn Spanje brûkt wurdt). It soe yn artikelen oer it Katalaansk better wêze en skriuw ynsté fan Spaansk, Kastiliaansk.
Kloppet. Dyselde konstruksje ha wy hjir ek mei de oantsjuttings ‘Hollânsk’ en ‘Nederlânsk’. Katalanen brûke in soad it wurd ‘Kastiliaansk’ om de tsjinstelling te beklamjen. It fålt my just op dat Friezen hieltyd mear sprekke ‘Nederlânsk’ en minder fan ‘Hollânsk’. De angel liket der in bytsje út. Wy lykje wat mear op it meartalige spoar te sitten wêr’t in oare taal net mear ås fijân beskôge wurdt, mar ås part fan ússels dat prima njonken elkoar bestean kin.
It bekende misbegryp.
Nederlansk is gjin taal en Nederland is gjin land.
Nederlansk is in koepelbgryp foar Flaamsk, Brabantsk, Limboarchs, Hollansk, Saksysk en … Frysk.
Foar de steat fan de NederlandEN jilt itselde. Seelân, Hollân, Gelderlân, Fryslân.
Yn it bûtenlân wurdt ek sprutsen fan The Netherlands, die Niederlande, les Pays Bas, los Paisos Bajos, ensafh., meartal dus.
It idee fan in ienheidstaal en in ienheidslân is in sentralistysk polityk konsept, dat troch regear, parse en ûnderwiis optwongen wurdt.