Kabinet komt op 19 desimber mei slavernij-ekskuzen op acht plakken wrâldwiid

novimber 28, 2022 08:25

De oankundige ekskuzen fan it kabinet foar it Nederlânske slavernijferline wurde op moandei 19 desimber útsprutsen. Dat sizze boarnen yn De Haach. Dêr reizgje sân leden fan it kabinet foar nei Suriname en it Karibyske diel fan it keninkryk. Hja sille dêr taspraken hâlde dêr’t se út namme fan de Steat fan de Nederlannen spyt yn betsjûgje sille. Premier Rutte docht itselde yn Nederlân.

Willemstêd op Kurasao (foto: pixabay.com)

Earder dizze moanne waard bekend dat it kabinet meikoarten ekskuzen foar it slavernijferline meitsje soe. Nei in reis fan in Keamerdelegaasje nei Suriname, Kurasao en Bonêre stiet in mearderheid fan de Twadde Keamer dêrop oan. Premier Rutte brocht sels yn septimber in besite oan Suriname. Dêr sei er dat 2023 yn it teken fan erkenning fan it slaverijlijen stean moat. Takom jier is it 150 jier lyn dat in ein oan de slavernij kaam, doe’t yn Suriname it steatstafersjoch op eardere ta slaaf makke minsken, tsien jier nei de ôfskaffing fan de slavernij ta in ein kaam.

Oan de foarjûn fan dat betinkingsjier sprekt it kabinet dus de langferwachte ekskuzen út. Dat bart op deselde dei yn Nederlân en yn de eardere koloanjes dy’t mei slavernij te krijen hân ha. Minister Weerwind fan Rjochtsbeskerming sil nei de Surinaamske haadstêd Paramaribo ôfreizgje, sizze de boarnen. Steatssekretaris Van der Burg fan Asylsaken sil nei Arûba, minister Van Gennip fan Sosjale Saken nei Bonêre, steatssekretaris Van Huffelen fan Keninkryksrelaasjes nei Kurasao, steatssekretaris Van Rij fan Finânsjes nei Sint-Eustatius, steatssekretaris Van Ooijen fan Wolwêzen nei Saba en minister Kuipers fan Folksûnens nei Sint-Maarten.

Ut nij ûndersyk fan I&O Research yn opdracht fan de NOS docht bliken dat it tal minsken dat fan betinken is dat Nederlân ekskuzen foar it slavernijferline útsprekke moat, tanommen is, mar noch hieltyd is de grutste groep Nederlanners dertsjin. Begjin ferline jier wie 31 persint foar ekskuzen en 55 persint tsjin. Underwilens binne dy persintaazjes respektyflik 38 en 49. Ferantwurdlik foar de ferskowing binne foaral autochtoane Nederlanners. By minsken mei in migraasje-eftergrûn bliuwt de stipe foar ekskuzen grut. Fan de Surinamers en Antillianen yn Nederlân is twatredde foarstanner. In protte foarstanners sjogge it as in “blyk fan erkenning”.

novimber 28, 2022 08:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.