Jan Schokker: De krampfûgel

novimber 26, 2022 07:50

Kollum

Stie ik ôfrûne simmer folslein yn zen oerenlang lokkich te wêzen foar myn skildersezel, dizze hjerst brocht my in aaklike spanning yn ’e lea. Unbestimde krampen spanden de spieren gear yn ’e omkriten fan wêr’t in grouwe spier warber oan it wrotten is om dit útwenne omskot noch wat langer rjocht oerein en foaral fleurich op ’e gong te hâlden.

De holle pinige my al krekt sa fûl. Wat siet my yn ’e lea? Wat stie my te wachtsjen? Hoe lang hie ik noch? It swiere fysike wurk hie ik ommers al in skoft lyn ôfsward. Neat gjin gesjou mear mei swier standboumateriaal, gjin drege sesjes mei it opbouwen en demontearjen fan presintaasjes op ûnskiklike tiden of ûnmooglike oarden. Oars net as kalmte en rêst foar dizze âldman. Lûkt it libben dan sa gau út fersloppe spieren? En begjinne dy spieren dan fan ’e weromstuit op oare plakken yn it lichem te klieren?

Wis, ik hie net lang lyn in stikmannich putsjes dien dêr’t ik wat boppe myn macht by wurke hie.
Jawis, ik hie besocht om guon jongelju by te hâlden yn ’e opbou fan it doarpsfeest.
Fansels, ik fergroei as in âld beam; de spieren moatte aardich útrutsen wurde by it besykjen om wer operein te kommen. Grutskens toane kin nammentlik ek sear dwaan.

De jonge húsdokter harke, meat en skrabbe him de kop foar in ôfwaging. Nee, hy tocht net dat der wat dramatysk mei it hert wie, mar ja, hy woe wol efkes fierder ûndersyk dwaan litte.

Mei trije dagen waard ik hertlik ûntfongen op de kardiology fan de Tjongerskâns. In smout pratende suster plante my betûft aardich wat doppen mei tsjokke triedden op ’e ribbekast, as wie ik in twaddehânsk auto yn ’e refyzje. Se seach soarchlik nei de byldskerms. Soe dizze âlde wein noch in pear jier de dyk op kinne? Ik rekke der mei de minút minder gerêst op. Der kamen synyske gedachten foarby, oer in trystich ôfskied mei muzyk, in treurtoaniel mei skriemerige taspraken. Faak genôch hie ik sokke depresjes nochteren weiwiuwd, mar op dat stuit kamen se my ûnferbidlik oan.

De resultaten fan de mjitting giene fuortdaliks nei de kardiolooch. Mei tsien minuten koe ik al by him terjochte. Hy frege earst wêr’t en hoe’t it siet mei de pine op it boarst, frege dêrnei aardich troch oer de famylje en doe hie er samar syn konklúzje klear.

Gjin reden foar panyk.
Ik bliid.
Mar…
Dochs woe er mear mjitte en witte.
Fuort wie it feestlike gefoel.

Dus stie ik in minútsje letter samar wer by in baly mei in jonge suster om in ôfspraak te meitsjen foar in fytstest en in hertfilmke. Wylst se oer it skerm skrôle, frege ik my ôf wannear’t ik oare deis koe. Moast ik soms foar moarntemoarn myn aginda feroarje?
‘Oer acht wiken,’ sei se. ‘Dan binne jo dy deis moai de earste’.
‘Dat kin net!’ sei ik ek mei de dolle holle.
‘No, it kin echt net oars, hear. It is freeslik drok. Wêróm kinne jo dan net?’
Ik woe it net sizze, nee echt net. Want ik ha respekt foar dizze minsken dy’t alle oeren fan de dei foar elkenien besykje it sa noflik mooglik te meitsjen. Mar dochs.
‘Dat is fierstente let,’ sei ik, ‘dat is pas nei myn kremaasje!’

novimber 26, 2022 07:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.