Jan Bosgraaf: Frijheid

novimber 19, 2022 07:00

Kollum

Frijheidsbyld New York, symboal fan frijheid. Boarne: pixabay.com

Wy hawwe yn ús lân in soad frijheden en rjochten. Frijheid fan tinken, gewisse, godstsjinst, mieningsutering, ynformaasje, gearkomste, feriening, keunst, wittenskip, berop en ûndernimmerskip. Al dy frijheden binne yn de Grûnwet fêstlein. En noch in hânfol dingen dêr’t we rjocht op hawwe. We binne der wakker grutsk op en jouwe der, as it yn ’e kream te pas komt, tige fan op. Dêr kinne in soad lannen in puntsje oan sûgje, wurdt der dan sein of tocht. Lannen dêr’t minskerjochten skeind wurde. Lannen dêr’t de frijheid fan minsken gjin sprekken lije kin. We sprekke der skande fan en meitsje in statement om it regear fan sa’n lân derop te wizen dat it hielendal ferkeard is dêr’t se mei dwaande binne.

By it wrâldkampioenskip fuotbal yn Qatar wolle de KNVB en in stikmannich oare lannen ek in statement meitsje. De oanfierder fan it Nederlânske alvetal sil de OneLove-oanfierdersbân drage. De kleuren fan it OneLove-logo symbolisearje ras en komôf (read, swart en grien) en alle genderidentiteiten en seksuele aarden (rôs, giel en blau). Dêr drage wy mei út dat we fóár ferbining en tsjin alle foarmen fan diskriminaasje binne. No, dêr sil de emir fan Qatar, Tamim bin Hamad al-Thani, net wekker fan lizze. Yn in lân dêr’t froulju mei in wale fergelike wurde mei ferpakt snobbersguod (yn in fraachpetear op de Dútske stjoerder ZDF) en manlju dy’t hân yn hân kuierje, trije jier finzenis riskearje, hellet sa’n OneLove-bân neat út.

In wykmannich lyn droegen de oanfierders yn it betelle fuotbal yn ús lân dy bân ek. Alteast, dat wie de bedoeling fan de KNVB. Mar twa oanfierders fan earedivyzjeklups wegeren om dy bân te dragen. Net út dwersbongelerij, want dan soe ’k wol skriuwe dat se it ferpoften. It giet tsjin harren gewisse yn, omdat se it net rymje kinne mei harren leauwe. No, klear! Dochs? Mar och heden Hidske! Wat joech it my wer in opskuor. Wol in wike lang waard deroer praat en skreaun. Yn de measte gefallen yn negative sin. Oanfierders hawwe in foarbyldfunksje. Se moatte sjen litte wêr’t de klup foar stiet. Dit wie in miste kâns. En gean sa mar troch. Benammen op sosjale media waard der raar guod fan spuid. Dat helje ik hjir mar net oan. Lit my it hjir netsjes hâlde. In inkeling naam it foar de beide manlju op en wurdearre it dat se harren prinsipes net ferleagenen. Troch al it geharrewar besleat de KNVB dat de OneLove-earmbân yn it betelle fuotbal foarearst net mear droegen wurdt. Op himsels net sa’n sterk staaltsje fan belied, mar hawar. De kjeld wie fan ’e loft en de stoarm belune.

As earder bûtengewoan amtner fan de boargerlike stân moast ik tinke oan de heisa dy’t sa’n tweintich jier lyn ûntstie doe’t yn ús lân it houlik tusken twa minsken fan itselde geslacht mooglik waard. Der wiene amtners dy’t, út oerstûging oangeande harren godstsjinstich leauwen, sa’n houlik net slute woene. Dêr waard skande fan sprutsen. Dy amtners waarden ferkettere. It wie by wet regele en dêr moast eltse amtner oan foldwaan. Der kamen sels rjochtsaken. Yn Fryslân waard der sels in wurd foar betocht: ferpofamtner. Gjin minske dy’t der ek mar in momint oan tocht dat der faaks ek wol pearkes wêze kinne dy’t leaver net troud wurde wolle troch in amtner dy’t ek homohouliken slút. It is faaks wat fier socht, mar wêrom soe it net kinne? Hawar, ek dy stoarm is wer lizzen gien. Der binne noch hieltyd bûtengewoan amtners fan de boargerlike stân dy’t gjin houliken slute tusken twa minsken fan itselde geslacht.

Dan meie we yn ús lân wol de grûnwetlike frijheid fan mieningsutering hawwe, as ien syn miening net past yn dy fan de grutte massa, wurdt dyjinge oan de skandepeal spikere troch – faak anonime  – skandalige reaksjes en sels bedrigingen op sosjale media. It frjemde is, dat oer dy kwealaster suver gjin opskuor ûntstiet, of it moat de spuigatten útrinne. Dan sette in pear publike pommeranten in algemiene quote op twitter, dêr ’t se sokke reaksjes yn ôfwize. Dêr bliuwt it meastal by. Nei alle gedachten kin dat opstokeljende folkje op sosjale media rêstich syn gong gean. Sels guon fan ús folksfertsjintwurdigers kinne der bytiden wat fan. Blykber binne we der njonkelytsen oan wend rekke, of moatte we der mar oan wenne. Alles ûnder it mom fan de frijheid fan mieningsutering. Mei dy frijheid bliuwt it wrakseljen.

novimber 19, 2022 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.