It Nederlânsk Blazers Ensemble spilet Erik Satie

novimber 14, 2022 08:49

Omdat dêr faak om frege wurdt, spilet it Nederlânsk Blazers Ensemble nei tsien jier wer Concert in de vorm van een peer, in foarstelling oer komponist Erik Satie (1866-1925). It NBE bringt de dynamyk fan Satie wer ta libben mei de eagen en earen fan hjoeddeiske keunstners. Sa is Saties muzyk bewurke troch komponisten as Micha Hamel en Vincent van Warmerdam en binne der koarte absurdistyske films te sjen.

NBE (foto: Peter Lodder)

NBE (foto: Peter Lodder)

Satie wie master fan it absurdisme, mar ek útblinker yn de meast yntime en sensitive muzyk. Mei syn eigensinnigens wie er de held fan jonge komponisten en keunstners yn Parys om 1900 hinne. Hy beynfloede keunstners as Pablo Picasso en Sergej Daighilev, oprjochter fan de Ballets Russes. Dy ynfloed en mearsidigens fan Erik Satie ynspirearre de blazers fan it NBE ta dizze meislepende en ferrassende foarstelling.

Consert in de vorm van een peer is fan 23 novimber o/m 19 maart yn hiel Nederlân te hearren en te sjen. Sneon 27 novimber wurdt it konsert opfierd yn Spot / De Oosterpoort yn Grins en op sneon 18 maart 2023 yn De Lawei yn Drachten. Sjoch hjir foar de folsleine spyllist.

Oer it Nederlânsk Blazers Ensemble:
It NBE is in groep fan goed tweintich topmusisy dy’t sa’n tachtich kear jiers byinoar komt om yn binnen- en bûtenlân bysûndere programma’s te spyljen. It NBE kombinearret eigentiidske en âlde muzyk fan alle soarten en mjitten en is altyd op ’e syk nei gearwurking mei musisy út oare kultueren en spannende kombinaasjes mei oare dissiplines. Mei de fernijende programma’s wol it NBE in grut publyk oansprekke.

Sjoch ek op www.nbe.nl foar mear ynformaasje.

novimber 14, 2022 08:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.