Hoeden positive reaksjes op kabinetsplan ‘stopbonus’ foar boeren

novimber 23, 2022 09:54

It kabinet komt mei in plan om foar boeren dy’t yn natuergebieten in protte stikstof útstjitte in bonus om op te hâlden yn te fieren. Boere-organisaasjes binne yn earste ynstânsje hoeden posityf, mar hâlde ek in slach om ’e earm mei’t de definitive plannen earst kommende freed presintearre wurde.

Foto: Wikipedia/Felagund – publyk domein

“It strookt mei it advys fan Remkes om in goede regeling oan te bieden”, seit in wurdfierder fan brânsjorganisaasje LTO Nederlân. Neffens de plannen fan it kabinet moatte boeren fan april takom jier ôf in oanbod krije. Hja kinne ynnovearje, ferhúzje of ophâlde. As in boer ophâldt, kriget er 120 persint fan de wearde fan syn pleats.

“Dat is in oantreklik oanbod. Se hoopje dat boeren sa frijwillich de kar meitsje kinne om op te hâlden”, seit LTO. Bart Kemp fan aksjegroep Agractie neamt it “in goede saak” as der in frijwillige regeling komt. “Op dy wize wurdt mei in goede rjochtsposysje it petear mei de boeren oangien”, seit Kemp yn Nieuws & Co op NPO Radio 1. Boeren hoege net oan de regeling mei te wurkjen, mar dan hawwe se wol te krijen mei strangere miljeu-easken en wurdt it folle dreger om troch te gean, blykt út de plannen. “Wat ik oer strangere miljeu-easken hear – dat dy as in soarte fan oprotpreemje funksjonearje sille – dat liket út noch yn gjin goede ûntwikkeling”, seit Kemp. As der dochs twang komt foar boeren om op te hâlden “sille we dat net akseptearje”, tinkt er.

Natuerorganisaasje Mobilisation for the Environment (MOB) is bliid mei it plan fan it kabinet. “Sa kin fluch in protte stikstof redusearre wurde”, seit foarsitter Johan Vollenbroek. Wol fynt MOB dat it plan trije jier te let komt. Fierder freget de natuerorganisaasje him ôf hoe’t it kabinet sjocht nei yndustriële útstjitters,  dy’t ek pykbelesters binne.

De Boer Burger Beweging (BBB) is gâns minder entûsjast. “It kabinet wol boeren mei in stôk ferliede”, seit de partij fan Caroline van der Plas oer de bonus en de mooglik strangere miljeu-easken. “Allinnich dit kabinet kin soks.” BBB freget him ek ôf hoe’t de 120 persint fan de wearde fan de pleats fêststeld wurdt, no’t neffens de partij pleatsen om de Natura 2000-gebieten hinne “harren wearde ferlern hawwe”.

novimber 23, 2022 09:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.