Help by hege enerzjyrekken doarpshuzen Súdwest-Fryslân

novimber 24, 2022 09:16

Hieltyd mear doarpshuzen, sportklups en kulturele organisaasjes hawwe it dreech mei de hege kosten foar enerzjy. Se kinne de rekken net of hast net mear betelje en liede de needklok. Gemeente Súdwest-Fryslân fynt it fuortbestean fan dy maatskiplike organisaasjes fan grut belang. De gemeenterie wurdt dêrom frege om 1,6 miljoen euro beskikber te stellen foar de ekstra enerzjykosten fan maatskiplike organisaasjes yn Súdwest-Fryslân.

Stedhûs yn Snits (foto: Wikipedia/Taks – publyk domein)

“Ferieningen, sportklups en doarpshuzen binne wichtige moetingsplakken foar ús ynwenners. Wy moatte foarkomme dat dy organisaasjes de rekkens net mear betelje kinne. En dat dêrtroch aktiviteiten oergean moatte. Krekt as mei de koroanakrisis wolle wy der no ek foar ús organisaasjes en frijwilligers wêze”, seit wethâlder Bauke Dam.

Folsleine fergoeding ekstra kosten 2022
Súdwest-Fryslân wurket op it stuit de plannen foar de enerzjykompensaasje út. It is de bedoeling dat organisaasjes de ekstra enerzjykosten folslein fergoede krije kinne. De gemeentlike bydrage follet de fergoeding fan it Ryk oan. De enerzjykompensaasje is ornearre foar organisaasjes lykas doarpshuzen, multyfunksjonele sintra, wykgebouwen, sportferieningen en oare kulturele organisaasjes mei eigen gebou en sûnder winsteachmerk.

Nije subsydzjeregeling
As it plan goedkard wurdt, kinne de organisaasjes fan febrewaris 2023 ôf de enerzjykompensaasje by de gemeente oanfreegje. It giet om in fergoeding fan de ekstra enerzjykosten dy’t yn 2022 troch de hege prizen makke binne. Súdwest-Fryslân sjocht ek nei de mooglikheden foar fergoeding fan dy kosten yn 2023.

De ynstellingen dy’t foar de regeling yn ’e beneaming komme, wurde fan ’e wike oer de mail ynformearre. Dêrneist sil Súdwest-Fryslân de kommende wiken yn petear mei bestjoeren fan multyfunksjonele sintra en doarpshuzen om te hearren wat sy fan it plan fine.

novimber 24, 2022 09:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.