‘Helden fan Hjir’ mei De Folkpolitie & Zippora Tieman yn De Wier

novimber 28, 2022 08:33 Fernijd

By it Fryske kulturele projekt Helden fan Hjir fan Fryslân Pop trede op freed 9 desimber 2022 bysûndere artysten en bands tagelyk op yn harren eigen stêd, doarp of omkriten. Dit jier docht húskeamerteater De Wier yn Koarnjum wer mei. It oarspronklike idee komt út Flaanderen en bliek úteinlik hjir ek suksesfol te wêzen. Dy freedtejûn komme twa acts nei it teaterke en dy fertsjintwurdigje de popmuzyk fan eartiids oant no ta. In duokonsert dus mei De Folkpolitie en Zippora Tieman.

Boarne: Bob de Boer Produkties

De Folkpolitie
It muzikaal kwartet De Folkpolitie bestiet út broer en suster Bauke en Greetje (‘Alwer in Fries’), harren jongste suster Sien en freondinne Hinke. Hja spylje en sjonge mearstimmige, harmonieuze lietsjes, meastal mei gitaarbegelieding, mar soms ek wol a capella. It binne foaral nûmers út de sechtiger, santiger en tachtiger jierren yn it Ingelsk, mar ek yn it Frysk, Nederlânsk en Frânsk. Ferskes fan the Beatles, the Beach Boys, mar ek fan Boudewijn de Groot, Irolt, Teach In, Ractoon en Les Poppys binne te hearren. Fan pikefel oant knypeach en tige werkenber foar de wiere muzykleafhawwer.

Zippora Tieman
Sjonger-ferskesskriuwer Zippora heart by de jongste generaasje muzikanten op de jûn fan Helden fan Hjir. Hja is in sjongeres mei in protte muzikale gesichten, al kenne de measten har fan de lytse, gefoelige ferskes dy’t se sels komponearret en op gitaar en piano begeliedt. Dat har stim ek yn filmkes, apps en berneferskes te hearren is, is minder bekend. Yn desimber 2020 kaam har EP Haast út, mei dêrop fiif wûndermoaie nûmers. Zippora fersoarge yn 2018 alris in moaie jûn yn it húskeamerteäter yn Koarnjum.

De jûn begjint om 20.00 oere en de doar giet om 19.30 oere iepen. De tagong is fergees, mar de hege hoed leit klear. En foar alle konsumpsjes wurdt in lytse fergoeding frege. Oanmelde is ferplichte fia bobdeboer@pinupsanddowns.com of fia telefoannûmer 06 – 54763154.

novimber 28, 2022 08:33 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.