Undersyk nei mooglik ierdgasfrij Terherne

novimber 1, 2022 08:40

IF Technologie út Arnhim sil ûndersykje oft Terherne ierdgasfrij makke wurde kin. Opdrachtjouwer is de wurkgroep Waarmtetransysje Terherne, dêr’t de gemeente De Fryske Marren ek yn fertsjintwurdige is. Enerzjykoöperaasje De Poask hat it inisjatyf nommen foar it duorsumensprojekt, dat op syn lêst yn 2030 klear wêze moat, mar leafst earder. Gemeente De Fryske Marren stipet it inisjatyf en hat 50.000 euro foar it ûndersyk beskikber steld.

Terherne (foto: Wikipedia/Udo Ockema – CC BY 3.0)

Wethâlder Irona Groeneveld: “As gemeente helpe wy graach as ynwenners of organisaasjes mei in goed idee by ús oanklopje. Foaral as it om sa’n wichtich en aktueel ûnderwerp giet. It is moai dat we mei de oare belutsenen út it doarp sa nau gearwurkje en wy hoopje dat we mei de útkomsten fan it ûndersyk mei-inoar in folgjende stap sette kinne yn it ierdgasfrij meitsjen fan Terherne.”

It ierdgasfrij meitsjen fan Terherne is in grutte opjefte dy’t alle ynwenners en ûndernimmers oangiet. Dêrom hat enerzjykoöperaasje De Poask de wurkgroep Waarmtetransysje Terherne oprjochte. Dielnimmers fan de wurkgroep binne De Poask, Pleatslik Belang Terherne, ûndernimmersferiening DeBût en gemeente De Fryske Marren. Wenningkorporaasje Elkien is ek by it projekt behelle. Op dy wize sitte in protte belangstellenden út it doarp oan tafel om mei te praten oer de stappen dy’t set wurde sille.

Akwatermy
It idee fan de enerzjykoöperaasje is it ynsetten fan akwatermy. Ut it wetter om it doarp hinne wurdt waarmte helle, dat mei help fan in waarmtenet nei de wenten en oare gebouwen yn Terherne brocht wurdt. Dêrtroch hawwe minsken gjin cv-tsjettel op ierdgas mear nedich. Hoewol’t ynset fan akwatermy kânsryk liket yn Terherne, wol de wurkgroep alle mooglike waarmteboarnen ûndersykje litte. Dêrtroch wurdt it doarp op de bêste en goedkeapste manier ierdgasfrij makke.

Resultaten
De útkomsten wurde yn febrewaris 2023 ferwachte. Nei it ôfrûnjen fan it ûndersyk wurde de resultaten en de ferfolchstappen oan it doarp presintearre. Dêr wurde alle ynwenners en ûndernimmers by behelle.

novimber 1, 2022 08:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.