Hekse swierbeladen stereotyp Halloween
Resint ferskynd
- Frysk, Nedersaksysk, Limburchsk en Papiamintsk krije ekstra jild 0
- FryslânDOK ‘It smelle paad’: kuierrûte by tsjerken lâns 0
- Pier Bergsma: Yn Dantumadiel fersteane se gjin Frysk 1
- Evenemint oer minderheden en taalrjochten yn Glasgow, Skotlân 1
- Skiednis mei Hilbert: Fryske en Frankyske munten út Doarestêd 0
Skôging

Monumint Balthasar Becker. Boarne: Wikimedia Commons. CC BY-SA 4.0
Yn Mitselwier, in doarp yn Noardeast-Fryslân, stiet in monumint foar de âld-ynwenner Bathasar Bekker, dy’t him al yn de santjinde iuw as dominy en teolooch fûl ynsette foar it ôfskaffen fan de hekseferfolgings. Sokken, meast froulju, waarden sa slim tamtearre dat hja bekenden hekse te wêzen en dêrnei meastal op in brânsteapel deadien. Dy tige grouwélige skiednissen fine wy yn in soad streken op ’e wrâld.
No rôlet der sûnt de tachtiger jierren in nij feest út Amearika wei oer West-Europa, it halloweenfeest, dat earder mei de ymmigraasje út Brittanje al nei Amearika kommen wie. By dat feest komme wy de stereotyp hekse tsjin. Oft dy stereotyp der fanâlds út Brittanje wei ek by siet, is net rjocht dúdlik, mar yn West-Europa en dus ek yn Nederlân wurdt de hekse by it feest in soad sjoen. Yn dy earste halloweenfeesten lei de klam benammen op geasten en spûken.
Om’t it feest yn Nederlân noch yn ’e berneskuon stiet, is it in goed momint om ús ôf te freegjen oft wy dy swierbeladen stereotyp wol meinimme wolle. Ommers de grouwélichheden dy’t sokke minsken trochmeitsje moasten, roppe de fraach op oft dy wol ûnderdiel fan in feest wêze kinne. De kâns dat krekt as by it Sinteklazemearke aanst twa groepen inoar ferketterje leit yn ’e takomst ferankere mei sa’n stereotyp.
Fansels kinne wy ek lykas yn it Flaamske Nieuwpoort Jeanne Panne, berne as Jeanne De Deyster en ferfolge as hekse, in haadrol yn it feest jaan en op dy wize ‘rjochtdwaan’ oan dy swarte bledsiden fan ’e skiednis. (Op 30 juny 2012 waard de namme fan Jeanne Panne en oaren offisjeel suvere.)
Sjoch ek https://www.itnijs.frl/2019/12/it-roet-as-kamuflaazjemiddel/
en https://www.itnijs.frl/2021/12/it-mearke-fan-de-moarske-slaaf/
Cor Jousma, Feanwâlden
‘Tsjoenster’ is in eigener wurd of is dat justjes oars as in heks(e)?
Lútsen, sjoch:
https://www.demoanne.nl/wat-is-in-heks-yn-it-frysk/
Tankewol Henk. No wit ik it ferskil. Ik tink no ek by ‘wikster’ oan it Mid-Ingelske wurd ‘wicca’.