Heechlearaar Hans Mol jout kolleezje oer folkslegers yn Tota Frisia
Resint ferskynd
In Game of Thrones-eftige maatskippij fol skeel tusken minsken; yn Fryslân gie it der faak hurd oan ta yn ’e midsiuwen. Mar hoe goed wie Fryslân tsjin oanfallen fan bûtenôf bewapene? Op snein 20 novimber fertelt heechlearaar mjirkes Hans Mol yn in ferdjipjend kolleezje oer de folksbewapening en folksstriidberens yn Fryslân tusken 1480 en 1560, in tiidrek dêr’t yn de Noardlike Nederlannen faak en fûl yn fochten waard.

Foto: Denise Amber
Mol giet yn op ’e gearstalling en ûntwikkeling fan de Fryske boere- en boargermilysjes en ek wêrom’t selsferdigening fan de Friezen úteinlik mislearre by harren stribjen om politike autonomy te hâlden. By einbeslut beneamt er oerienkomsten mei de aktualiteit: de hjoeddeiske oarloch yn Oekraïne.
In kaartsje foar it kolleezje is foar fiif euro te reservearjen fia friesmuseum.nl/tickets.
Yn ’e lette midsiuwen diene frije manlju oeral yn Noardwest-Europa as tsjinstplichtigen mei oan belegeringen en fjildslaggen. Mei’t se as amateurs te boek steane, hat de militêre skiedskriuwing oant no ta net folle each foar harren ynset hân. Ald-heechlearaar midsiuwske skiednis Hans Mol besiket dêr feroaring yn te bringen. Yn in oere tiid lit er syn ljocht skine op de tsjinstplichtigen út dy tiid en de folksbewapening fan Tota Frisia.
Oer Hans Mol
Hans Mol wie heechlearaar midsiuwske skiednis en spesjalist op it mêd fan de midsiuwen yn Fryslân. Sûnt 1986 is er yn tsjinst fan de Fryske Akademy, as ûndersyksmeiwurker midsiuwske skiednis. Hy wie ek ferbûn oan de Universiteit Leien as bysûnder heechlearaar foar de skiednis fan de Fryske lannen yn ’e midsiuwen. Hy skriuwt faak oer kleasters, krústochten en oarlochfiering. Yn 2011 kaam in boek fan him út oe de geastlike ridderoarder yn de Nederlannen ûnder de titel Vechten, bidden en verplegen. Yn 2013 publisearre er mei Peter van der Meer de boarneútjefte De Beneficiaalboeken van Friesland, 1543. Yn 2017 ferskynde syn monografy De Friese volkslegers tussen 1480 en 1560. Dêryn set Mol de tsjinstplichtigen út dy tiid yn de skynwerpers. Ofrûne jier ferskynde it boek Friese edelen, hun kapitaal en boerderijen in de vijftiende en zestiende eeuw dat er tegearre mie Gilles de Langen skreau.
Folkslegers, folksstriidberens… wat in nuvere terminology dy’t beskriuwe moat hoe’t warleaze earme minsken ûnder de wapens skopt waarden troch in kriminele boppelaach fan saneamde ‘frije Friezen’.