Haad Ryksuniversiteit fan betinken dat Fryslân eamelet oer learstoel Frysk

novimber 4, 2022 11:06
Akademygebou fan de Ryksuniversiteit Grins., Foto Pier Bergsma

De Ryksuniversiteit Grins hat in Fries oan it roer. De foarsitter fan it kolleezje fan bestjoer, Jouke de Vries, komt fan Dearsum. Mei de Fryske lilkens oer de lege learstoel Frysk kin er it lykwols net lykfine.

De Vries skriuwt op Twitter, yn it Nederlânsk:

Heechlearaar Goffe Jensma gie in pear wike lyn mei pensjoen. De universiteit hie in fakatueretekst buorkundich makke foar in nije foltiidheechlearaar, mar beneamde ynstee dêrfan Anne Merkuur as universitêr dosint. Dat is twa funksjes leger as in heechlearaar (universitêr haaddosint sit der noch tusken). Boppedat krige frou Merkuur oars as har foargonger gjin foltiid-, mar in dieltiidoanstelling fan twa dagen wyks.

Oft frou Merkuur op termyn heechlearaar wurdt, is ek noch net wis. De Vries skriuwt fan al, mar yn it parseberjocht fan de Ryksuniversiteit stiet dat de fakatuere oer in pear jier op ‘e nij útskreaun wurdt: “Omdat het profiel van de [universitair docent] nog niet geheel aansluit bij de functiecriteria voor hoogleraar zal zij de gelegenheid krijgen meer ervaring op te doen. Over enkele jaren zal er opnieuw geworven worden voor de hoogleraarspositie.”

Under oaren de FNP en taaladvysorgaan Dingtiid hawwe de Ryksuniversiteit op it festje spuid om it leechbliuwen fan de learstoel foar Fryske taal- en letterkunde.

novimber 4, 2022 11:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.