Grutte boerestreekmerk yn Alde Leie op sneon
Resint ferskynd
‘Fan Boer nei Minsken’ organisearret sneon 26 novimber in grutte boerestreekmerk yn Alde Leie. Dat bart yn gearwurking mei nijeleije.nl en timpelsteed.nl yn de fabrykshal Nije Leije (it eardere Kooi-aapfabryk).

Foto: Fan Boer nei Minsken
Lokale boeren biede dêr harren produkten fan de Fryske klaaigrûn en ek biologyske produkten oan. Der binne tal fan kreativelingen útnûge: û.o. houtwurk, kaartsys fan Nienke, griene dekoraasjes en kearsen binne op de merk te keap. Alles is eigenmakke.

Ofbylding: Fan Boer nei Minsken
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje