Grien ljocht foar troch Ljouwert lutsen Europeesk projekt ‘Active Cities’
Resint ferskynd
De gemeente Ljouwert ûntfangt 550.000 euro oan Europeeske subsydzje foar it projekt Active Cities, in projekt yn gearwurking mei ynternasjonale partners. De gemeente sil it jild ynsette om yn Spoardok aktive foarmen fan mobiliteit te stimulearjen.

Ljouwert (foto: Wikimedia Commons/Michiel1972 – CC BY-SA 3.0)
Sûn en oantreklik de stêd ynrjochtsje
Oer it algemien binne stêden yn Noard-Europa ûntwurpen foar auto’s, net foar minsken. Lykwols draacht dy wize fan stedsynrjochting hieltyd mear by oan in legere kwaliteit fan it miljeu en de sûnens fan ynwenners. Undersyk hat útwiisd dat likernôch twa tredde fan de Europeanen te min oan fysike aktiviteit docht. Foar de takomst blykt it krusjaal om te betinken hoe’t ús stêden tenei sa sûn en oantreklik mooglik ynrjochte wurde kinne.
Aktive stêden
Gemeente Ljouwert hat mei tsien oare ynternasjonale partners it projekt Active Cities oprjochte om dy fraach te beäntwurdzjen. Koartlyn is bekend wurden dat Active Cities, mei in folsleine projektgrutte fan € 5 miljoen, grien ljocht krige hat fan it Europeeske subsydzjeprogramma Interreg North Sea Region, dat 60% fan de kosten fergoedzje sil. Mei de takenning fan dy subsydzje kinne de acht dielnimmende stêden fan jannewaris 2023 ôf oan ’e slach mei it opsetten fan ûndersiken en it útfieren fan lokale proeven om aktive foarmen fan mobiliteit yn it strjitbyld tebek te krijen. De gemeente Ljouwert ûntfangt foar syn aktiviteiten € 555.000 oan Europeeske subsydzje.
Pylders
It inisjatyf Active Cities, besteande út stêden en kennisynstellingen út de Noardsee-regio, hat him as doel steld om aktive foarmen fan mobiliteit (wêrûnder kuierjen, fytsen en aktive foarmen fan dielmobiliteit) yn stêden te stimulearjen. It projekt rjochtet him dêrby op trije pylders:
* de ynrjochting fan de publike romte;
* it ûntwikkeljen en/of ferbetterjen fan saneamde ‘mobiliteitshubs’ (bygelyks ‘park-and-bike’-lokaasjes);
* en it beynfloedzjen fan minsklik hâlden en dragen.
Neist syn rol as haadstêd en grutste gemeente fan de provinsje Fryslân, bringt de kulturele en ekonomyske funksje fan Ljouwert alle dagen in protte besikers mei. Mei it each op de transysje nei in CO2-frije ekonomy en yn oerienstimming mei it stribjen om binnen tsien jier ien fan de top trije fytsstêden te wurden, set gemeente Ljouwert mei syn dielnimmen oan Active Cities dan ek breed yn op it realisearjen fan in stikmannich wichtige stedsopjeften.
Spoardok
Gemeente Ljouwert sil it projekt brûke om aktive foarmen fan mobiliteit in plak te jaan yn it fernijde Spoardok, dêr’t wenjen, wurkjen en rekreëarjen neistinoar besteane. Yn it projekt wurde iuwenâlde foarmen fan transport lykas rinnen en kuierjen, wer opnij oantrune, wylst der tagelyk ynset wurdt op nije en ynnovative strategyen om minsken te ferfieren én byinoar te bringen.
Active Cities spilet dêrmei dan ek in yntegrale rol yn de foarmjouwing fan it nije Spoardok en draacht aktyf by oan it gedachtegoed fan in eigen, ferbinend en grinsferlizzend Spoardok.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje