Kursus foar Waadgebietgidsen begjint yn jannewaris

novimber 15, 2022 08:32

Op 14 jannewaris begjint in kursus foar gidsen fan fjouwer dagen of acht jûnen oer it Waad. Dy wurdt organisearre troch Vitale Waddenkust. Dat is it gearwurkingsferbân fan de Waadferiening en It Fryske Gea. Oan ’e oarder komme ûnder oare it ûntstean, de dynamyk en de bysûndere natuer fan it gebiet. Waadkenners en leafhawwers as Meindert Schroor en Josse Pietersma nimme de kursisten by de hân en ek it gebiet sels yn. Elkenien kin meidwaan. De iennnige restriksje is: niget oan de bysûndere kwaliteiten fan dat stikje Fryslân hawwe.

Foto: Vitale Waddenkust

De Fryske Waadkust is in bysûnder gebiet, dat wit elkenien. Dochs bliuwt der ek in protte ferburgen foar sawol bewenners as besikers. Nijsgjirrige ferhalen oer it ûntstean en de ûntwikkeling fan it Waad. Oer it bysûndere, dynamyske lânskip en de kwetsberens fan it Wrâlderfgoed. Mar ek oer sichtbere spoaren yn it lânskip, oantinkens oan lang ferfleine tiden. Dy en oare nijsgjirrige kanten binne der yn oerfloed. De kursisten fan de Gouden Gidsekursus leare om dy te sjen en werom te kennen. Eltse potinsjele gids of ambassadeur kin him foar de kursus oanmelde. Jong en âld(er), ynwenners, besikers én ûndernimmers.

Foto: Vitale Waddenkust

De dielnimmers komme fan alles te witten oer it ûntstean, it lânskip, de lânbou, én de taal fan de Waadkust. De kursus telt acht modules dy’t yn fjouwer sneonen of acht jûnen folge wurde. It is mar krekt wat de foarkar hat. Dêrneist binne der fjouwer ekskurzjes yn it gebiet. De earste gearkomste (deikursus) is op 14 jannewaris yn Teatertsjerke Nes.

Teätertsjerke Nes. Foto Romke Hoekstra; boarne Wikimedia, CC BY-SA 4.0Commons

De kosten foar de folsleine kursus bedrage € 200,-. De oanmelding slút ein desimber. Fluch oanmelde is ferstannich, it tal dielnimmers is nammentlik beheind.

Foto: Vitale Waddenkust

Mear ynformaasje oer kursus, data en ynskriuwing is hjir te finen.

It Gouden Gidsegilde is in inisjatyf fan Vitale Waddenkust yn gearwurking mei It Fryske Gea en de Waadferiening.

novimber 15, 2022 08:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.