Gearkomste: Wat hâldt it mienskiplik lânboubelied foar boeren yn?
Resint ferskynd
It Mienskiplik Lânboubelied (GLB) feroaret fan 1 jannewaris 2023 ôf. It sil him op it fierder ferduorsumjen fan it buorkjen rjochtsje. Boeren kinne beleanne wurde foar ekologyske maatregels yn harren bedriuw. Der sil wol wat feroarje yn ’e betingsten dy’t foar it útbeteljen fan ’e basispreemje jilde. It GLB feroaret dêrtroch foar boeren en it biedt ek kânsen.

Foto: Welmoed Haisma
It ministearje fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit (LNV) en de Rykstsjinst foar Undernimjend Nederlân (RVO) prate boeren dêr graach oer by. De Provinsje Fryslân organisearret op tiisdei 22 novimber om 19.30 oere in gearkomste op proefbuorkerij SPNA yn Muntsjesyl dêr’t boeren en oare belangstellenden wolkom binne.
Op ’e gearkomste krije boeren nije ynformaasje oer de betingsten, de saneamde kondisjonaliteiten, lykas bufferstripen, boaiembedekking en gewaaksrotaasje. Dêrneist komme de nije ekoregeling, it Agrarysk Natuer- en Lânskipsbehear (ANLb) en de gefolgen fan it dongbelied foar bepaalde gebieten oan ’e oarder. En boeren krije antwurd op logyske fragen lykas: falt de bufferstripe op myn bedriuw ûnder ekoregeling of ANLb? Of ûnder beide? Of: hoe binne beide regelingen it bêste te kobinearjen? Kin oan beide regelingen meidien wurde? Dêr sil it petear oer gean.
De gearkomste op 22 novimber wurdt holden fan 19.30 oere ôf yn de proefbuorkerij SPNA, Hooge Zuidwal 1, 9853 TJ Muntsjesyl. Oanmelde kin fia dizze link.
Mear ynformaasje oer it GLB is hjir te finen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje