Gearkomste oer Mienskiplik Lânboubelied yn Snits op 14 desimber

novimber 29, 2022 09:30

It Mienskiplik Lânboubelied (GLB) feroaret mei yngong fan 1 jannewaris 2023. It rjochtet him op it fierder ferduorsumjen fan it buorkjen. Boeren kinne beleanne wurde foar ekologyske maatregels yn harren bedriuw. Der sil wol wat feroarje yn ’e betingsten dy’t foar it útbeteljen fan ’e basispreemje jilde. De feroaring biedt foar boeren ek kânsen. It ministearje fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit (LNV) en de Rykstsjinst foar Undernimmend Nederlân (RVO) prate boeren dêr graach oer by. De Provinsje Fryslân organisearret woansdei 14 desimber om 19.30 oere in gearkomste yn it Van der Valk Hotel yn Snits dêr’t boeren en oare nigethawwers fan herten wolkom binne.

Boarne: Provinsje Fryslân

Op ’e gearkomste krije boeren nije ynformaasje oer de betingsten, de saneamde kondisjonaliteiten, lykas bufferstripen, boaiembedekking en gewaaksrotaasje. Dêrneist komme de nije eko-regeling, it Agrarysk Natuer- en Lânskipsbehear (ANLb) en ’e gefolgen fan it dongbelied foar bepaalde gebieten oan ’e oarder. Boeren krije ek antwurd op logyske fragen lykas: falt de bufferstripe op myn bedriuw ûnder eko-regeling of ANLb? Of ûnder beide? Of: hoe kombinearje ik beide regelingen it bêste? Kin ik oan beide regelingen is meidwaan? Dêr giet it petear oer.

De gearkomste op 14 desimber begjint om 19.30 oere en is yn it Van der Valk Hotel, Burgemeester Rasterhofflaan 1, 8606 KZ Snits. Oanmelde kin fia dizze keppeling.

Mear ynformaasje oer it GLB is te finen op de webside fan de RVO. Fragen oer de gearkomste? Stjoer in mail nei landbouwenvoedselproductie@fryslan.frl.

novimber 29, 2022 09:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.