Fryske gearwurkingsferbannen byinoar brocht
Resint ferskynd

Foto Provinsje Fryslân
Mei sa’n tachtich gearwurkingsferbannen sette Fryske oerheden har yn foar de Fryske mienskip. Dy koälysjes binne no byinoar brocht op www.samenfryslan.nl, mei as doel om folksfertsjintwurdigers, bestjoerders en oaren dy’t dêr belangstelling foar hawwe in oersjoch te jaan fan wêr’t de oerheden mei-inoar yn en oan gearwurkje.
Op dat webstee binne alle koälysje-akkoarten, kolleezjes en folksfertsjintwurdigingen yn Fryslân ek te finen. De kommissaris fan de Kening, dykgraaf, foarsitter fan de Feriening fan Fryske Gemeenten en de boargemaster fan Ljouwert hawwe it webstee mei in brief ûnder it omtinken fan de Fryske oerheden brocht. Dy kinne it nije webstee by harren bestjoerlike wurk brûke.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje