Foarsitter klimaattop stiet oan op aksje
Resint ferskynd
- Yn Kanadeesk nasjonaal park twa minsken troch grizzlybear dea 0
- Wetterfûgels oerwinterje yn fûgelrêstgebieten 0
- In ‘ûndûbeldsinnige’ Fryske identiteit kin ek in hiel positive rol spylje 1
- Nederlânsk Blazers Ensemble spilet ‘Stories from the East’ 0
- Britten lilk oer omseagjen ferneamde ‘Robin Hood-beam’ 0
Skea as gefolch fan klimaatferoaring is foar it earst offisjeel ûnderwerp fan petear op de Klimaatkonferinsje fan de Feriene Naasjes, dy’t snein yn it Egyptyske badplak Sharm-el-Sheikh úteinset is. Mear as hûndert steatshaden en regearlieders binne byinoar op de klimaattop. In protte fan harren hâlde in taspraak, dêr’t se yn dúdlik meitsje wat se op de gearkomste berikke wolle. De Egyptyske foarsitter Sameh Shoukry stiet op aksje oan, nettsjinsteande de wrâldwide ûnrêst.

Sharm-el-Sheikh yn Egypte (foto: Wikipedia/Tanya Dedyukhina – CC BY 3.0)
It is foar net ien in ferrassing dat dizze klimaattop holden wurdt “yn in wrâld dy’t tsjûge is fan politike ûnrêst dy’t in lang skaad op al ús lannen smyt, en laat hat ta enerzjy- en fiedselkrises”, sei Shoukry. Dy problemen meie neffens him der net ta liede dat klimaataksjes útsteld wurde.
De kommende twa wike sille fertsjintwurdigers fan hast 200 lannen dúdlik meitsje hoe’t se besykje om fierdere klimaatferoaring tsjin te gean. De wrâld leit noch hieltyd net op koers om de opwaarming ta oardel graad te beheinen. De tasizzingen dy’t lannen oant no ta dien hawwe, liede ta sa’n 2,4 graad opwaarming. Dat is neffens klimaatwittenskippers te folle. Dy toanden earder oan dat mear as oardel graad ta grutte en foar in part net te kearen gefolgen laat.
Egypte besiket as foarsitter fan de konferinsje de kwetsberens fan Afrika te beklamjen. In protte earme lannen wolle al langer oer skea as gefolch fan klimaatferoaring prate, mei’t se kwetsber binne, wylst se sels net folle oan de útstjit fan broeikasgassen bydrage. Rikere lannen holden de boat ôf, mar prate no dochs mei. “De klimaatkrisis hat gefolgen dy’t fierder geane as wat kwetsbere lannen allinnich drage kinne”, reagearre Eurokommissaris Frans Timmermans. “Wy hawwe oplossingen nedich dy’t ynspylje op it ferlet yn in lâns sels en dy’t in flugge opskaling fan stipe mooglik meitsje foar dejingen dy’t dat it meast nedich hawwe.”
Mear as 40.000 besikers hawwe har foar de top registrearre. Njonken de offisjele ûnderhannelingen binne der ek hûnderten eveneminten mei útstallingen, wurkateliers en optredens fan ûnder mear wittenskippers, ynlânske befolkingsgroepen, jongelju en keunstners fan oer de hiele wrâld. Guon wittenskippers en miljeu- en helporganisaasjes brûke de top as oanlieding foar it publisearjen fan nije ynsjoggen en rapporten. Sa kaam Oxfam Novib mei in publikaasje dêr’t út bliken docht dat de útstjit en ynvestearringen fan 125 miljardêrs likefolle CO2 opsmite as de útstjit fan hiel Frankryk. Harren yndividuele trochsneed is dêrmei in miljoen kear heger as de trochsneed útstjit fan njoggentjich persint fan de wrâldbefolking, seit Oxfam Novib.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje