Fet op kwaliteit Fryske natuer
Resint ferskynd
- Basisskoalle wint Vredeman de Vriespriis foar arsjitektuer 0
- Emosjonele spiler lit Dútske plysje útride 0
- Roman oer bline rjochter en dokter, dy’t berntsje út bûtenlân adoptearje wolle 0
- Ryk draacht by oan it projekt Fersterkjen Fryske Iselmarkust 0
- Yndiaaske amtner lit 2 miljoen liter wetter fuortpompe om mobyl werom te finen 1
Mei de druk op it bioferskaat en grutte fraachstikken as stikstof en klimaat is it sicht op de kwaliteit fan de Fryske natuer tige wichtich. Dêrom wol de provinsje dêr foldwaande fet op hâlde. Oan de iene kant troch it Fryske part fan it Natuernetwurk Nederlân (NNN) te aktualisearjen. Oan de oare kant troch de besteande wurkwize foar it beoardieljen fan de natuerkwaliteit te optimalisearjen.
De ôfrûne jierren lei de fokus foar it Fryske part benammen op it winnen en ynrjochtsjen fan bunders natuergrûn. It behear dêrfan is fia it Subsydzjestelsel Natuer en Lânskip regele. Omtinken foar de kwaliteit fan it besteande natuernetwurk wie der by de jierlikse Natuerkwaliteitsdei.

Bakkefeanster Dunen. Foto © Prov. Fryslân
Nije kaarten
De provinsje lûkt it kommende jier út om aktyf wizigingsútstellen te sammeljen. Dat kinne útstellen wêze foar de begrinzing, de natuerbeheartypen of de ambysjetypen. Dêr wurde alle belutsenen – bygelyks gemeenten, natuerbehearders en agraryske organisaasjes – foar op oansprutsen. It doel fan dy aksje is om in nije kaart fan it Fryske part fan it Natuernetwurk te meitsjen. Dy moat realistysk en út te fieren wêze en optimaal bydrage oan de oare grutte opjeften foar it lanlike gebiet lykas klimaat, wetter en bioferskaat. It foarnimmen is om de nije kaart yn septimber 2023 fêststelle te litten, as ûnderdiel fan it Natuerbehearplan foar 2024.
Omtinken foar kwaliteit
“Om de kwaliteit fan it Fryske natuernetwurk better yn ’e hân te krijen, passe we de wurkwize foar it beoardieljen fan de kwaliteit en it jierlikse ‘goede petear’ oan. Sa wolle wy as provinsje mear gebrûk meitsje fan alle kennis en kunde yn it fjild en mear omtinken jaan oan it ferklearjen fan de beoardielingsresultaten”, seit deputearre Douwe Hoogland. Wêrom skoart in beheartype soms matich of min en wat is der nedich om de kwaliteit te ferbetterjen? As resultaat fan it goede petear sil der tenei in mienskiplike aksjepuntelist opsteld wurde. Sa kriget de kwaliteit fan it Fryske natuernetwurk in ympuls en sil de provinsje aktiver oanstjoere op it realisearjen fan de ôfsprutsen ambysjes.
Under it Bestuurlijk Overleg Natuur reagearre Henk de Vries fan It Fryske Gea, stipe troch de oare organisaasjes: “Wy binne wiis mei dizze oanpak. As natuerorganisaasje steane wy efter oanstjoering op kwaliteit en transparânsje.”
Dwaande leare
Ynkoarten sette twa proefprojekten útein om de foarstelde oanpassingen te testen. Ien yn ’e mande mei Natuerkollektyf Fryslân en ien oer natuerkânsen yn de beekdelling fan De Lende. Healwei 2023 folget in evaluaasje en mooglike bystjoering fan de oanpak.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje