Fêst plak foar ynwennerspartisipaasje by provinsje Fryslân
Resint ferskynd
Troch alle inisjativen dy’t ynwenners tsjintwurdich by de provinsje yntsjinje, kriget dy mei oarsoartige fragen te meitsjen as foarhinne. Om better by ideeën en inisjativen út de mienskip oan te sluten wol de provinsje de ynwennerspartisipaasje no in fêst plak jaan yn syn manier fan wurkjen. Kommissaris Brok: “It mear benuttigjen fan maatskiplike tinkkrêft kin soargje foar kwalitatief bettere plannen, mar ek foar mear belutsenens en betrouwen fan ynwenners yn de Fryske demokrasy.”

Foto: Doarpsûntwikkeling Broeksterwâld
Foar in goed resultaat is it mei-inoar oanpakken fan útdagingen op it mêd fan enerzjy, wenjen en wurkjen, natuer, lânskip, lânbou en wetter fan hieltyd grutter belang. By it meitsjen en útfieren fan provinsjaal belied wurdt dan ek faker mei ynwenners gearwurke, lykas by de planfoarming foar it gebiet Hege Warren. Mar net allinne de oerheid, ek ferieningen, merkpartijen of stichtingen komme faak mei inisjativen om Fryslân te fersterkjen, lykas bygelyks Holwert oan See.
Nij partisipaasjebelied
Feroarjende ûntwikkelingen yn de Fryske mienskip freegje om in helder perspektyf op partisipaasje. Mei it nije provinsjale partisipaasjebelied Mei-inoar wurkje oan in moai en sterk Fryslân wol de provinsje op in tagonglike wize fêstlizze wat partisipaasje is, hokker foarmen der binne, wat it doel is, wat wichtich is en hoe’t ynwenners meidwaan en ynfloed útoefenje kinne.
It nije Fryske partisipaasjebelied rint foarút op nije wetjouwing. Yn 2023 wurdt it omtinken foar partisipaasje yn nije wetten ferankere: de Omgevingswet en de wet Versterking participatie op decentraal niveau. Wat de digitale tagonklikheid fan oerheidsynformaasje oangiet, is der ek nije wetjouwing. De wet Open Overheid bygelyks easket better tagonklike oerheidsynformaasje: begryplik taalgebrûk en it rekken hâlden mei ynwenners dy’t fisueel of fysyk beheind binne.
Yn it nije belied wol de provinsje – yn oerlis mei Provinsjale Steaten, Streekwurk/IMF, oare oerheden, biblioteken, ûnderwiis en arbeidsmerkregio – de ynwenners eksperimintearromte jaan. Dy moatte de mooglikheid hawwe om as se dat wolle, meidwaan te kinnen by it kommen ta of it útfieren fan provinsjaal belied dat harren rekket.
Der sil ek in kennisnetwurk Partisipaasje opset wurde dat oanslút op al besteande learnetwurken en opdiene ûnderfining. Yn oerlis mei Provinsjale Steaten sil dêrneist yn it kommende jier it digitaal partisipaasjeplatfoarm Stim fan Fryslân, dat earder dit jier úteinset is, fierder ûntwikkele wurde as in foar ynwenners bekend plak foar digitale partisipaasje.
De basis fan it provinsjaal partisipaasjebelied waard yn gearwurking mei ferskillende Fryske gemeenten en it Wetterskip lein. Jongelju, inisjatyfnimmers, Steateleden en saakkundigen joegen harren miening oer wat by it wurkjen oan goede partisipaasje wichtich is.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje