Ferromming slûs Koarnwertersân stap tichterby tanksij merkbydrage maritime sektor
Resint ferskynd
De komst fan in rommere slûs by Koarnwertersân is in stap fierder. Der binne no genôch bedriuwen om de Iselmar hinne dy’t tasein hawwe om mei-inoar bydrage te wollen ta in bedrach fan 26,5 miljoen euro. It is al jierrenlang in winsk fan de maritime sektor en ferladers dat gruttere skippen de slûs fan Koarnwertersân ek passearje kinne. De havens fan Makkum, De Lemmer, Urk, Lelystêd, Meppel, Swol en Kampen wurde dêr better nei te berikken.

Koarnwertersân (foto: Joachim de Ruijter)
Elts dielnimmend bedriuw ferplichtet him ta it beteljen fan in bydrage foar de passaazje foar elk skip dat de slûs op dit stuit net passearje kin. No’t der in nije Maritieme Servicehaven op Urk boud wurde kin, dogge de bedriuwen dêr mei-inoar oan de regeling mei. Dat dogge se op basis fan ‘gelijke monniken, gelijke kappen’.
De betelling fan de merkbydrage begjint sadree’t de ferromme slûs klear is. Mei de tasizzing fan de ûngefear 35 merkpartijen wurdt ferwachte dat it dan 20 oant 35 jier duorret foardat it folsleine te beteljen bedrach berikt is. Dêrnei hâldt de regeling op. Provinsje Fryslân soarget earst foar foarfinansiering.
Deputearre Avine Fokkens-Kelder: “De bedriuwen litte hjirmei sjen hoe wichtich sy it fine dat de brede slûs der komt. Ik bin tige bliid dat sy dy ynvestearring yn berikberens en ekonomy sa manmachtich stypje wolle.”
De regeling en ôfspraken oer de merkbydrage binne pas definityf as Provinsjale Steaten fan Fryslân der yn desimber ek mei ynstimme. Yn jannewaris 2023 fynt dan de offisjele ûndertekening fan de oerienkomsten mei alle dielnimmende merkpartijen plak.
Mei it beslút is de begrutting fan 180 miljoen euro, lykas yn 2020 fêststeld troch Provinsjale Steaten, rûn. Foar de start fan de oanbesteging moat earst it fersiltingsûndersyk fan it Ryk noch ôfrûne wurde. Dat kin liede ta oanpassingen fan it ûntwerp. Nei ôfrin wurdt de begrutting noch aktualisearre. Foarearst kin der yn 2026 mei de bou fan de slûs úteinset wurde. Alles konfoarm ôfspraak mei Ryk om uterlik 2028 op te leverjen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje