Feie Fonyk: Praat Sinteklaas ek Frysk ?
Resint ferskynd
Kollum

Boarne foto: Wikimedia Commons, CC BY-SA 3.0
Yn Amsterdam draacht Sinteklaas in miter sûnder krús, want dy miter lit de minsken yn dy multykulturele stêd te folle oan it kristendom tinke. Der binne mear gemeenten dêr’t de Sint om dy reden in neutrale miter draacht. Der binne ek guon dy’t tinke dat Swarte Pyt, mei oare middels, in dúdlike fuortsetting is fan slavernij. Hy is swart, hy praat beroerd Nederlânsk en hy docht alles wat de blanke Sint him seit. Dêr sit wat yn. Dus binne der tsjintwurdich amper Swarte Piten mear en se prate net mear as ûnnoazelen.
Wy geane gelokkich net safier dat Pyt in swarte boerka of in kleurde holledoek draacht en dat yn ferbân mei respekt foar ortodokse joaden en moslims it burd fan Sinteklaas swart ferve wurdt, want der binne grinzen en dy grins wurdt eins al oerstutsen mei dy neutrale miter. Sinteklaas hie sizze moatten dat hilligen har neat oanlûke kinne fan sokke opfettingen. Hy bemuoit him ek net mei de eigensinnigens fan oare leauwigen. Dêr is er in hillige foar.
Hjirby in oprop oan myn lêzers:
Sinteklaas praat perfekt Nederlânsk. Ik freegje my ôf oft Sint op guon plakken yn ús provinsje ek Frysk praat hat. Dat soene jo wol ferwachtsje yn dizze tiid dat men skitende banaud is om op teare sielen te traapjen.
Dus hjirby in oprop oan myn lêzers. Jimme kinne ûnderoan op dizze side kommentaar jaan.
Wêrom temûk fuort?
Der binne minsken dy’t har ôfreegje wêrom’t de komst fan Sinteklaas oermjittich fierd wurdt, wylst er stil weiwurdt. It skynt dat guon autistyske bern dêrom net leauwe dat Sinteklaas echt fuort is, neffens in mem. Se is net de iennichste dy’t dêrom fynt dat it ôfskied fan Sinteklaas ek op telefyzje útstjoerd wurde moat.
Dy swierrichheid is net nij. It is al ris besprutsen besprutsen yn it telefyzjeprogramma ‘Kopstukken’, dêr’t skriuwer en telefyzjepersoanlikheid Godfried Bomans (1913–1971) it folgjende yn sei as antwurd op de fraach wêrom’t Sinteklaas sa ûngemurken fuortgiet: “Het is onzin je een ongeluk te schreeuwen langs de kant van de weg als Sinterklaas platzak is. Dat doe je niet. Op het sinterklaasfeest is het Sinterklaas. Maar na afloop behoort hij gewoon tot de bejaardenproblemen.”
No sil ik de lêste wêze dy’t gjin begryp foar autisme hat, mar it liket my wat oerdreaun om dêr in punt fan te meitsjen. Der is in ienfâldiger oplossing. Wy hawwe ús beide soannen nea grutbrocht yn it sinteklaasleauwe, mar wy seine fan it begjin ôf dat it in ferklaaide man wie. Ik jou ta, it wie ûnthilliging fan de ûnoantaastbere Sinteklaas, mar it feest wie der net minder om.
Syn broer dy yn Grou oankomt sprekt Frysk: https://youtu.be/5ADGtyLL0aE?t=3578
By syn oankomst yn Reduzum praatte de Sint Frysk.
Volgens het verhaal en het lied komt Sinterklaas uit Spanje – en die spreekt dus geen Fries, althans dat kan wel, maar is niet logisch of nodig….
Sinteklaas komt neffens de tradysje út Spanje, yndied, en dus is it net logysk dat er Frysk praat. En allikemin logysk dat er Hollânsk praat, fansels. Mar hy komt hjir op besite en hy hat in boadskip foar de bern. Dus it it wol logysk dat er alle talen behearsket dy’t bern hjir brûke.Foar in hillige is dat ek net te dreech, of wol?
Nammers haw ik yn Grins yn ‘e jierren ’80 in kear meimakke dat Sinteklaas in referaat hold oer meartaligens yn Spanje.