Feie Fonyk: Gjin plysjefrou mei in holdoek!

novimber 17, 2022 10:09

Kollum

Ik hâld fan Frankryk, it waar, it lânskip, it iten en drinken, de taal en de kultuer. Boppedat hat Frankryk de saneamde laïcité, de skieding tusken tsjerke en steat. Dy laïcité is op 9 desimber 1905 ynfierd. Dêr waard hûndert jier letter in kongres oan wijd yn Sèvres, in foarstêd fan Paris. Ik hie it gelok om dêrby útnûge te wêzen. Dy laïcité wie yn 1905 gjin kompromis. It wie in oerwinning fan progressive sekuliere republikeinen op konservative roomsk-katolike monargisten. Laïcité giet fier yn Frankryk. It komt derop del dat de oerheid gjin inkelde miening hat oer it leauwe. Dat meie de minsken sels wite.

It betsjut datst oan minsken yn it ûnderwiis en by de oerheid net sjen kinst wat se leauwe. Dus gjin krúskes om ’e nekke, gjin holdoek en gjin sichtbere tattoo mei “I love Jezus“, want yn Frankryk begjint it Ingelsk spitigernôch ek foar master op te slaan. Gebouwen binne ek neutraal. Silst yn in postkantoar dus gjin Mariabyldsje stean sjen.

Dat jout romte foar elkenien. Sa’t it heart. Ta myn skrik lês ik no dat plysjes yn Nederlân tastien wurde moat om holdoeken of oare religieuze klean of symboalen te dragen. Dat seit de lanlik koördinator foar bestriding fan rasisme en diskriminaasje binnen de plysje, kommissaris Johan van Renswoude, yn in fraachpetear mei de NRC.

“It is yn dizze tiid passender om ferskaat ta te stean – ek yn hoe’t men der útsjocht. As plysje-organisaasje is dat de iennige manier om echt te kommunisearjen dat jo fan en foar elkenien binne”, seit Van Renswoude. Hy waard dizze simmer troch de plysje beneamd nei in rige rasistyske ynsidinten by de plysje om effektive maatregels te ûntwikkeljen foar in “bettere oanpak” fan rasisme by de plysje. De koördinator antyrasisme seit dat it âlde argumint dat unifoarmiteit yn de plysje neutraliteit útstrielet net mear út te hâlden is.

“Yn de hjoeddeiske superferskate en tige polarisearjende maatskippij is dy unifoarmiteit yn ’e eagen fan in protte groepen net neutraal en in eksponint fan oerheidsautoriteiten, dy’t folle minder akseptearre is. It fersterkjen fan de neutraliteit fan de plysje is op dit stuit essinsjeel.”

Ik mei hoopje dat Dilan Yesilgöz, ús wakkere minister fan Justysje, dêr in stokje foar strykt, want wêr is it begjin en wêr de ein? Aanst krigest in Fryske plysjeman mei in tattoo op ’e hân mei de tekst “Maria is myn rêder”. It unifoarm seit it al, allegearre deselde útstrieling. Ik soe net graach wolle dat in plysjefrou mei in krús om ’e nekke ien net in boete foar te hurd riden jout, as se sjocht dat de sjauffeur in noch grutter krús om ‘e nekke hat. Dat sil net barre, mar dochs.

De oerheid en de rjochtspraak binne neutraal yn Nederlân. Dat moat perfoarst sa bliuwe

novimber 17, 2022 10:09
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Gauke novimber 17, 18:35

    Yn 2019 waard ûndersteande skreaun: https://www.itnijs.frl/2019/12/gjin-frysktalige-ferzje-fan-plysjeklean/

    “Neffens Knops kin in Fryske tekst ek soargje foar “escalatie in het contact tussen burgers en politieambtenaren”.”

    Jo kin my net wiis meitsje dat ‘plysje’ earder foar eskalaasje soarget dan een holdoek.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.