Fan plaggehutte oant Ekspânsjehal (ferhaal)

novimber 5, 2022 10:00

Plaggehutte. Foto: publyk domein

Yn it begjin fan de foarige iuw wie der yn de Kompenije (Jobbegea) in soad earmoed. Foaral oan de Belgyske wyk, de Job Holkemawyk en de Wolter Jagerswyk. Dêr wennen de minsken yn hoalen dy’t yn de hege wykswâlen útgroeven wiene. Der wiene ek in soad plaggehutten en keten. De wykswâlen wiene ûntstien troch dat de útgroeven grûn fan de wiken op de wâl lizzen bleaun en begroeid wie. Der wiene ferskate manlju dy’t simmers fan hús wurken by heaboeren en ek wol as grûnwurkers yn de polders. Guon ferhierden har as melker yn Dútslân. Dat hold dan yn dat se moannen fan hûs wiene. As se dan thús kamen mei harren fertsjinne jild, moasten de froulju dêr sa lang op tarre oant harren man nei in skoft wer thúskaam. As yn de tuskentiid it jild op wie, giene de froulju bytiden te skoaien. Omdat skoaien ferbean wie, hiene se dan as dekmantel negoasje by harren lykas heidebjinders en pipeskrabbers; troch dy saneamde hannel koene se net as skoaier beskôge wurde.

Yn 1900 wie der ien ferhurde dyk, de Skoatterlânkskedyk, in saneamde grintwei tusken Donkerbroek en Aldskoat. Fierder wiene it yn Jobbegea-Skuorregea[i] allegearre sânpaden; yn de winter wiene dat modderpaden. By de Skoatterlânske Kompanjonsfeart leine barten oer de wiken, yn it begjin sûnder leuning. Jûns wie it allinne by ljochtmoanne betroud om dêr oer te gean. Fan de boargemaster yn dy tiid wie net folle meiwurking te ferwachtsjen foar ferbettering fan de situaasje. It argumint wie dat út de súdeasthoeke net folle belesting ynbard waard. Yn 1903 waard op in gearkomste fan Pleatslik Belang fêstlein dat der by de Tredde Slûs in strjitlantearne komme moast, om jûns nei seizen noch skippen skutte te kinnen.

Yn 1908 kaam de earste ferbining mei de bûtenwrâld ta stân troch it ferhurdzjen fan de Singel tusken de Tredde Slûs en de Gordyksterwei. Yn 1924 kaam der in fuotpaad tusken de Tredde Slûs en Lippenhuzen, yn 1935 in ierdebaan yn stee fan it sânpaad fan de Tredde Slûs nei de betonbrêge oant de ein fan de feart en yn 1937 in sintelpaad by de feart lâns oant de 17e wyk.

Doe’t yn 1927 ferslachjouwers fan lanlike kranten foto’s en ferslaggen fan de minskeûnweardige tastannen yn ’e Kompenije publisearre hiene, wiene der in pear Haachske ministers, mei dêrûnder Jan Kan, de heit fan kabaretier Wim Kan, dy’t de tastannen yn it Jobbegeaster heidegebiet mei eigen eagen oanskôgen. Doe waard der mei help fan it doarpsbelang, de gemeente en in pear foaroansteande ynwenners in kommisje fan opbou oprjochte. Dêrtroch kamen der ferskate foarsjenningen. Yn 1929 kaam der in buerthûs, by de Nijedraaiswyk ferriisde in túnboubedriuw. Dêr koene de minsken sjen en leare hoe’t se sels griente bouwe koene. De produkten waarden oan de feiling op it Hearrenfean levere. Yn 1933 waard de Ambachtsskoalle troch minister Marchant iepene. Foar de eksploitaasje dêrfan wie in feriening opset; it ryk joech santich persint subsydzje en de gemeente die de rest. Der waard earst lesjûn yn timmerjen. Yn 1935 kamen der mitseljen en skilderjen by. Dy skoalle wie in grutte oanwinst; de bern út Jobbegea en omkriten koene no in fak leare. De skoalle is yn 1967 sletten, omdat op de Gordyk in nije skoalle kaam mei ek metaalfakken.

Wenningwetwenning. Foto: publyk domein

Der waard ek besocht om de húsfêsting fan de bewenners fan de hoalen en plaggehutten te ferbetterjen. Der kamen ienfâldige arbeidershuzen. As de minsken harren wenplak ferlieten om nei it nije hûs te gean, ferbaarnden se harren hutte mei alles wat deryn siet. Der wiene minsken dy’t doe’t se yn harren nije hûs wennen yn de winter alles fan hout lykas de bêdsketten en de trap opstookten. Foar sokken waarden doe huzen mei inkeld beton fan binnen boud.

De bestjoersleden fan Pleatslik Belang Jelle van Dam, foarsitter, en Jochem Alberda, sekretaris, hawwe in soad wurk hân om dy swiere taak foarinoar te krijen. Troch bemiddeling fan de P.W. Jansen Stichting koene arbeiders huzen mei in lapke grûn fia in goedkeape finansjele regeling yn eigen behear krije, as se de heide dy’t derby hearde oanmeitsje woene.

Yn de fyftiger jierren waard besocht om yndustry oan te lûken. Yn de âlde legere skoalle op de Tredde Slûs kaam in berneweinfabrykje. Letter had Furda Textiel dêr noch ynsitten. Yn de ambachtskoalle hat jierren in plestikfabryk sitten en letter in autohandel.

Foto: publyk domein

Yn 1903 waarden oan de Gordyksterwei it molk- en it moalfabryk oprjochte mei 286 dielnimmende boeren. Yn 1961 fusearre it molkfabryk mei dat fan Aldeberkeap. It moalfabryk gie yn 1962 yn de CAF op. De aktiviteiten fan beide fabriken binne yn 1968 opholden. De Boerelienbank waard yn 1912 oprjochte. Dy hjitte letter Rabobank. Dy is yn 2010 sletten. Der hat doe noch in healjier in filiaal west yn it MFC de Kompenije west.

Yn 1985 waard de Ekspânsjehal iepene. Dêr wie troch de bestjoeren fan de gymnastykferiening en de kuorbalklup WK al jierren nei útsjoen.

Ekspânsjehal De Kompenije. Foto © Moosmedia

Jobbegea-Skuorregea, in doarp dêr’t eartiids in soad earmoed wie, is no útgroeid ta in bloeiend doarp mei in prachtige sporthal.

Jangerben Mulder
Boarne: De Woudklank 1986.
Fotoneibewurking Janke Mulder

[i] Jobbegea moat neamd wêze nei in man dy’t Jobbe hjitte en Skuorregea is ôflaat fan skuorre.

 

novimber 5, 2022 10:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.