Europeesk Hânfêst bestiet tritich jier: in jierdei mei in swart rantsje
Resint ferskynd
Sneon presys tritich jier lyn ûnderskreau de doetiidske Nederlânske minister fan ynlânske saken Ien Dales it Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden. Dêrmei krige it Fryske taalbelied in Europeeske diminsje: Nederlân sei oan de oare Europeeske lannen ta dat it goed op it Frysk passe soe.
Ta gelegenheid fan dy tritichste jierdei organisearre Dingtiid, it offisjele advysorgaan foar it Frysk, sneon in sympoasium. Omrop Fryslân wijt der in lang berjocht oan. Botte fleurich binne hja net: by alle evaluaasjes fan it Nederlânske taalbelied foar it Frysk klinkt itselde kommentaar fan saakkundigen út binnen- en bûtenlân: Nederlân docht minder as moatte soe en benammen yn it ûnderwiis moat foar it Frysk folle mear dien wurde. De tritich jier âlde tasizzing dat it basisûnderwiis foar in “wichtich part” yn it Frysk jûn wurde moat, wurdt inkeld op de trijetalige skoallen neikommen. Yn de rjochtsseal is it Frysk formeel wol tastien, mar yn ‘e praktyk fiele in protte minsken harren net frij en brûk dy taal ek.
Ik bin der mei in dûbeld gefoel wei kaam. De sprekkers hiene in helder ferhaal. Der waarden goede fragen steld. Mar oan ‘e ein fan de diskusje krigen wy dochs wer in pear eamelders dy’t seinen dat wy net te mâl moasten. Tritich jier Hânfêst hat dêr neat oan feroare.
Bêste minsken as sokken, in wethâlder fan Waadhoeke foaroan, it Frysk hieltiten in ûnske of twa minder takenne, bliuwt der foar it Frysk gjin basis oer! Dêr helpe gjin hânfêsten of oare juridyske konstruksjes foar.
As de weryndielingsgemeenten de bestjoersôfspraken fan gemeenten, provinsje en it ryk gewoan ien op ien útwurkje dan hoege wy wier gjin nije ôfspraken of praatrûnten. Útfiere en net polityk eamelje!